Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
Fan [[1452]] ôf hie de greve Gerd fan Aldenboarch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin Aldenboarch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Aldenboarch wûn yn it jier 1482.
 
Om [[1500]] wienen de omstannichheden gâns better foar Bremen en syn hannel. De stêd koe him yn deselde wer fierder útwreidzje nei it noarden ta. It Fryske [[Stedingen]], [[Bûtjadingen]], [[Lân Wurden]] en [[Lân WûrstenWoersten]] waarden yn dy tiid ûnderdiel fan Bremen.
 
It foarstedom kaam by de [[Frede fan Münster]] yn [[1658]] by [[Sweden]] en waard letter ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hannover]]. De stêd koe him as frije Ryksstêd binnen it [[Hillige Roomske Ryk]] fierder ûntjaan. Troch tichtslykjen fan de Wezer waard it ferlet fan nije havens grutter. Sa ûntstienen de havens yn it noarden fan de stêd en los dêrfan de stêd [[Bremerhaven]].