Nêzjd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
 
==Demografy==
De Nêzjd hie yn [[2010]] 8,6 miljoen ynwenners, wat delkaam op 28% fan 'e befolking fan Saûdy-Araabje. De grutste stêd wie [[Ar-Riaad]], de Saûdyske haadstêd, mei 4,7 miljoen ynwenners. Oare grutte stêden yn 'e krite wiene [[BûraidaBoeraida]], mei 506.000 ynwenners, [[Hayl]], mei 413.000 ynwenners, [[Unaiza]], mei 138.000 ywenners, en [[Ar-Rass]], mei 116.000 ynwenners.
 
De measte [[Arabieren|Arabyske]] stammen fan 'e Nêzjd binne fan [[Adnaniten|Adnanityske]] oarsprong. Harren foarâlden ferfearen yn 'e Aldheid út [[Tihama]] en de noardlike [[Hidjas]] wei nei de Nêzjd. Oant healwei de [[tweintichste iuw]] bestie it meastepart fan 'e Nêzjdyske befolking út [[nomade|nomadyske]] [[bedoeïnen]], mei dêropta, fral yn 'e oäzes yn it easten, ek [[sedintêr]]e [[lânbou]]wers, [[keapman|keaplju]] en [[ambachtsman|ambachtslju]]. In lyts oanpart fan 'e befolking bestiet út neikommelingen fan [[Afrika]]anske of [[Balkan|Súdeastjeropeeske]] [[slavernij|slaven]] (de slavernij waard yn Saûdy-Araabje pas yn [[1962]] ôfskaft). Sokken binne der lykwols folle minder as yn 'e Hidjas, in gebiet dat mei troch de lokaasje fan 'e hillige stêden [[Mekka]] en [[Medina]] dêre en de oansûgende wurking dy't dat op moslims út 'e hiele wrâld hie, in folle heterogenere befolking hat as de oanbuorjende Nêzjd. Yn dit ferbân spilen fierders ek de ôfhandige lizzing en ûnmeilydsume [[klimaat]] fan de Nêzjd mei, dy't makken dat útlanners it gebiet yn it ferline safolle mooglik mijden.