Alpenmarmot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
[[File:Marmotte des Pyrénées.jpg|left|thumb|250px|Alpenmarmotten yn 'e [[Pyreneeën]].]]
 
Alpenmarmotten binne útslutend oerdeis aktyf, wêrby't se de measte tiid spandearje oan fûrazjearjenfoerazjearjen, graafwurk en sinnebaaien. In grut diel fan it jier, oant wol 9 moannen, wurdt trochbrocht yn [[wintersliep]], wêrby't de marmotten enerzjy besparje troch tsjininoar oan te krûpen en sa har lichemswaarmte mei-inoar te dielen. Dy wintersliep begjint yn [[septimber]], nei't de bisten de [[simmer]] brûkt hawwe om troch oerdiedich fretten in fetfoarrie op te bouwen. Foarôf wurde dan alle yngongen fan 'e boarch tichtstoppe. De wintersliep wurdt yn it [[winter]]skoft ferskate kearen ûnderbrutsen, mar einiget pas yn [[april]], wêrnei't de [[peartiid]] begjint. Binnen de famyljegroep plantsje inkeld it dominante mantsje en wyfke har fuort. De [[draachtiid]] duorret by Alpenmarmotten 33-34 dagen. Der wurdt mar ien nêst jiers smiten fan 1-6 (mar meastal 3) jongen. Dy ferlitte ornaris pas yn it twadde of trêde jier, as se geslachtsryp wurde, it territoarium fan har âlden. Yn finzenskip kinne Alpenmarmotten wol 15-18 jier wurde. Har natuerlike fijannen binne de [[keningsearn]], de [[Jeropeeske oehoe]], de [[foks]] en mooglik ek de [[hauk]] en ferskate [[martereftigen]].
[[File:Marmota marmota 02 .jpg|right|thumb|200px|Utsean marmottefet.]]