Boskmarmot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
Oars as de measte marmotten binne boskmarmotten gjin [[koloanje (biology)|koloanjedieren]], mar libje se ynstee in [[solitêr]] bestean. Se grave ûndergrûnske hoalen, mei tunnels dy't mei-inoar wol 14 m lang wêze kinne en oant 1½ m djipte rikke kinne. Yn greidlân foarmje sokke tunnelstelsels in serieuze bedriging foar swier boere-ark, dat geregeldwei troch ynsakjende tunnels skansearre rekket, en teffens foar minsklike wenten, wêrfan't soms de fûneminten ûndergroeven wurde. Boskmarmotten bejouwe har yn it algemien nea fier fan har hoale, en lûke har by bedrigings dêr it leafst yn werom. As de hoale binnenkrongen wurdt troch in [[rôfdier]], dan ferdigenje se har fûleindich mei har grutte [[kjiftosk]]en en har duchtige klauwen. Foar soartgenoaten oer hâlde en drage boskmarmotten har ornaris [[territoarium (biology)|territoriaal]], en soms fine der gefjochten plak om dominânsje fêst te stellen.
 
Bûtendoar bringe boskmarmotten de measte tiid troch mei fûrazjearjenfoerazjearjen, wat se gauris ûnderbrekke om har op 'e [[efterpoat]]en op te rjochtsjen en it hear oer te eagjen. As se dêrby gefaar gewaarwurde, uterje se in fluitsjende alaarmrop, wêrmei't se net inkeld neie soartgenoaten warskôgje, mar alle mooglike [[proaidier]]en yn 'e wide omkriten. Krekt as dat by [[kat]]ten it gefal is, krije ek boskmarmotten in grouwe [[sturt]] as se har bedrige fiele. Foar har [[wintersliep]], dy't yn 'e measte gebieten fan [[oktober]] oant [[maart]] of [[april]] duorret, grave se faak in spesjale hoale, dy't binnen in beboske gebiet leit en oant ûnder de [[froast]]line rikt.
[[File:Groundhog-Standing2.jpg|right|thumb|250px|In boskmarmot hâldt syn om-en-by skerp yn 'e rekken.]]