Ferskil tusken ferzjes fan "Swart iikhoarntsje"

Gjin feroaring yn grutte ,  4 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[File:Fox_squirrel_with_sunflowerseed_by_tree_South_Bend_Indiana_USA.jpg|right|thumb|250px|In swart iikhoarntsje posearret nei't er in [[sinneblom]]mepit krigen hat.]]
 
Swarte iikhoarntsjes binne inkeld oerdeis aktyf en bringe mear tiid op 'e grûn troch as oare soarten [[beamiikhoarntsjes]]. Soms kinne se by it fûrazjearjenfoerazjearjen wol in pear hûndert meter fan 'e neiste beammen ôf waarnommen wurde. Likegoed binne it treflike en linige klimmers en ymposante springers, dy't maklik sprongen fan 4½ m op it horizontale flak of 6 m skean nei ûnderen ta meitsje kinne. It binne net bysûnder sosjale bisten, al bringe pearkes soms de winter yn ien hoale troch. Oer it algemien libje se lykwols [[solitêr]], en sykje se inkeld yn 'e [[peartiid]] it selskip fan soartgenoaten op. Swarte iikhoarntsjes hawwe in grutte fokabulêre, dy't foar in grut part bestiet út sjirpende, tsjotterjende en ketskjende lûden, en as se ûnrie gewaar wurde, stelle se dêrfan de hiele natoer op 'e hichte mei har trochkringende alaarmgjalp.
 
De [[peartiid]] rint fan mids [[desimber]] oant begjin [[jannewaris]], mei in twadde perioade yn [[juny]]. Yn 'e regel produsearje wyfkes 2 nêsten jongen jiers, mar ienjierrige wyfkes hâlde it soms by ien inkeld nêst. De [[draachtiid]] duorret 44-45 dagen, wêrnei't der trochinoar 3 jongen smiten wurde, dy't keal en [[blynheid|blyn]] te wrâld komme. Mei 4-5 wiken geande de [[each]]jes iepen en mei 6 wiken kinne se hearre. As se 8-10 wiken âld binne, wurde se ôfwûn, mar se se binne ornaris pas selsstannich mei 12 wiken. Wyfkes berikke mei 10-11 moannen geslachtsripens en produsearje pas yn it jier nei har berte har earste jongen. Soms bringe de jongen de winter noch troch yn 'e beamhoale fan 'e mem.
10.424

bewurkings