Ferskil tusken ferzjes fan "Nasjonaal Park Skiermûntseach"

gjin bewurkingsgearfetting
Ien fan 'e dielen fan it nasjonaal park dy't it wichtichst binne foar de [[ekology]] fan it eilân wurdt lykwols foarme troch de dunen. Dy rinne yn in brede bân fan east nei west troch it middelste part fan it eilân, en krolje oan 'e westkant om it doarp hinne. Dúnfoarming is in dynamysk proses, wêrby't hiderkear wer nije dunen ûntsteane dy't troch planten lykas [[helmgers]] fêstlein wurde, wylst se troch wyn en wetter meitiid ek wer weiwurde. Neigeraden dat de dunen mear en langer beskûl biede tsjin 'e see en sadwaande de ferswieting befoarderje, krije mear planten de kâns om op it dún te groeien. Sa ferskine der dan úteinlik [[strewel]]len, lykas [[hagedoarn]], [[dúndoarn]] en [[kamperfoelje]]. De dúnfegetaasje wurdt fretten troch [[wylde knyn|wylde kninen]] en oare [[herbivoar]]en. Sûnt de kninepopulaasje op Skiermûntseach troffen is troch de sykte [[RHD (kninesykte)|RHD]] (''rabbit haemorrhagic disease''; "kninebloedfloeien") fynt der yn 'e dunen mear fergerzing plak.
 
In oar tige wichtich part fan it nasjonaal park is de see om it eilân hinne. Fral de [[Waadsee]] is in gebiet dat fan grut belang is foar de pleatslike (en regionale) ekology. In protte soarten [[fisken]] komme spesjaal yn dy beskutte wetters om te pearjen, en de jonge fisk groeit dêr op. De oerfloed oan fretten dy't dat opsmyt, lûkt wer [[fûgels]] by 't folop oan, dy't faak de Waadsee brûke as pleisterplak ûnder har trek nei it noarden of it suden. Ek op 'e sânbanken wurdt drok fûrazjearrefoerazjearre. Op it Waad besuden Skiermûntseach binne yn [[augustus]] [[2009]] nei in jierrenlange ôfwêzichheid foar it earst wer in hûndermannich pôlen [[seewier]] (''Zostera marina'') oantroffen.
[[File:Willemsduin baken.jpg|right|thumb|250px|It beaken by it [[Willemdún]].]]
 
10.424

bewurkings