Algonkwynske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
| subgroepen = ● [[Eastalgonkwynske talen|Eastalgonkwynsk]]<br> ● [[Flakte-Algonkwynske talen|Flakte-Algonkwynsk]]<br> ● [[Middenalgonkwynske talen|Middenalgonkwynsk]]
}}
De '''Algonkwynske talen''' binne ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] [[taal|talen]] fan [[Noard-Amearika]]. Mei de lytse [[isolearre taal|isolearre talen]] [[JûrokJoerok (taal)|JûrokJoerok]] (''Yurok'') en [[Wiot (taal)|Wiot]] (''Wiyot'') foarmje de Algonkwynske talen de (mar justjes) gruttere [[Algyske talen|Algyske taalfamylje]]. It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e [[Rocky Mountains]]. It [[Proto-Algonkwynsk]], de oertaal dêr't alle lettere Algonkwynske talen út fuortkomme, waard tusken 2.500 en 3.000 jier lyn sprutsen, mar taalwittenskippers kinne it der net oer iens wurde wêr't dat krekt wie.
 
Krektlyk as mei de [[Irokeeske talen]] it gefal is, wêrfan't de sprekkers de tradysjonele fijannen fan 'e Algonkwynsktalige folken wiene, binne ek in protte Algonkwynske talen útstoarn sûnt de [[Jeropa|Jeropeeske]] [[kolonisaasje]] fan it Noardamearikaanske [[kontinint]] yn 'e [[santjinde iuw]] begûn. In grut tal oare Algonkwynske talen ferkeare op 't heden op it rântsje fan it útstjerren, mei sprekkersoantallen fan minder as hûndert en soms sels minder as tsien. Oan 'e oare kant omfettet de Algonkwynske taalfamylje ek guon fan 'e meast sprutsen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika, lykas it [[Kry (taal)|Kry]] (''Cree'') en it [[Odjibwe (taal)|Odjibwe]] (''Ojibwe''), mei (yn [[1999]]) 60.000, resp. 45.000 sprekkers. Ien taal, it [[Massatsjûset (taal)|Massatsjûset]], is koartby nij libben ynblaasd nei't er mear as in iuw lang útstoarn west hie.