Karen Blixen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 39:
===Skriuwkarriêre===
Sadree't se wer yn har heitelân wie, sette Blixen útein mei in karriêre as skriuwster. Dêrby skreau se benammen yn it [[Ingelsk]], dat se dan neitiid oersette yn it [[Deensk]]. Earder hie Blixen al út en troch wat losse ferhalen publisearre, mar yn [[1935]] brocht se ûnder it pseudonym Isak Dinesen har earste [[boek]] út, in ferhalebondel mei as titel ''Syv Fantastiske Fortællinger'' ("Sân Fantastyske Teltsjes"), dy't yn it [[Ingelsk]] (yn [[1934]]) publisearre waard as ''Seven Gothic Tales''. Har twadde boek, dat yn [[1937]] ûnder har eigen namme útjûn waard, hiet yn it Deensk ''Den Afrikanske Farm'' ("De Afrikaanske Boupleats"), mar is folle bekender ûnder de Ingelske titel ''Out of Africa'' ("Ut Afrika Wei"). It is in [[roman]] yn fiif dielen, dy't frijwol folslein basearre is op Blixen har [[autobiografy]]ske ûnderfinings yn Afrika. Yn [[1985]] waard it boek troch [[Sydney Pollack]] ferfilme as ''[[Out of Africa (film)|Out of Africa]]'', mei [[Meryl Streep]] yn 'e rol fan Karen Blixen, [[Klaus Maria Brandauer]] as Bror von Blixen en [[Robert Redford]] as Denys Finch Hatton. De earste sin fan 'e ''[[voice-over]]'': ''I had a farm in Africa, at the foot of the Ngong Hills'' ("Ik hie in plantaazje yn Afrika, oan 'e foet fan 'e Ngongheuvels") is no ien fan 'e meast ferneamde sitaten út 'e ynternasjonale filmskiednis. ''Out of Africa'' wûn yn [[1986]] de ''[[Oscar]]'' foar bêste film. Ek it oarspronklike boek waard tige goed ûntfongen en fêstige Blixen har namme as skriuwster. Yn [[1939]] waard har it ''[[Tagea Brandt Rejselegat]]'' takend, in Deenske priis foar froulju yn 'e skiene keunsten of út akademyske fermiddens.
[[File:Jurij_Blixen_&_Stravinskij.jpg|left|thumb|200px|Blixen (rj.) en har freon [[JûryJoery Moskvitin]] (m.) by in moeting mei de [[komponist]] [[Igor Stravinsky]] (l.), yn [[1959]].]]
 
Under de [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't Denemark beset wie troch de [[Dútslân|Dútsers]], skreau Blixen ûnder de skûlnamme Pierre Andrézel har iennichste lange roman, ''Gengældelsens Veje'', yn it Ingelsk ''The Angelic Avengers'' neamd. Dat boek kaam út yn [[1944]], en de ferskrikkings dy't de jonge haadpersonaazjes trochmakken, waarden ynterpretearre as in [[allegory]] op it [[nasjonaal-sosjalisme]]. Neitiid publisearre Blixen noch ferskate ferhalebondels, wêrfan't it koarte ferhaal ''Babettes Gæstebud'' of ''Babette's Feast'' ("Babette har Gastmiel") fierwei it bekendste waard. Yn [[1950]] wûn Blixen de Deenske ''[[Ingenio et Arti]]''-medalje.