Omar Sharif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31:
[[File:Geraldine_Chaplin_-_Omar_Sharif.jpg|right|thumb|200px|Sharif mei [[Geraldine Chaplin]] yn ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]).]]
 
In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e [[Spaanske Boargeroarloch]], yn 'e film ''Behold a Pale Horse'' ([[1964]]). Ek spile er in [[Joegoslaavje|Joegoslavyske]] [[partizanen|partizaan]] yn ''The Yellow Rolls-Royce'' (1964), de [[Mongoalen|Mongoalske]] feroverder [[Dzjengis Khan]] yn ''Genghis Khan'' ([[1965]]), in [[Dútslân|Dútsk]] militêr yn ''The Night of the Generals'' ([[1967]]), [[Rudolf, kroanprins fan Eastenryk]] yn ''Mayerling'' ([[1968]]) en de [[Argentynje|Argentynske]] revolúsjonêr [[Che Guevara]] yn ''Che!'' ([[1969]]). Syn bekendste rol útsein dy fan sjaryf Ali yn ''Lawrence of Arabia'' hie Sharif lykwols yn [[David Lean]] syn [[epos|epyske]] leafdesferhaal ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]), in adaptaasje fan 'e [[roman]] mei deselde namme út [[1957]] fan 'e [[Ruslân|Russyske]] [[skriuwer]] [[Boris Pasternak]]. Yn dy film, dy't ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] en de [[Russyske Revolúsje]] spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e [[dokter]] en [[dichter]] JûryJoery Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e [[Sovjet-Uny]] tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in ''[[Golden Globe]]'' foar bêste manlike akteur yn in spylfilmdrama.
 
In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice, yn 'e film ''Funny Girl'' ([[1968]]). Syn tsjinspylster wie dêrby de [[Joaden|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[sjongster]] [[Barbra Streisand]] yn har earste filmrol. ''Funny Girl'' waard yn [[1967]] opnommen, wylst yn it [[Midden-Easten]] de [[Seisdeiske Oarloch]] útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de [[Israel]] oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard dy yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch ''Funny Lady'', út [[1975]].