Marten Gerrits Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
Op 4 april 1643 begjint de reis. Yn in swiere stoarm op 19 maaie foar it eilân [[Hachi jojima]] op 32° 33' NB, ferlieze de skippen elkoar út it each by it eilân dat hja ''Ongeluckich'' neamden. De ''Castricum'' rint hast op de klippen, mar kin trochsile mei ferlies fan ankers. Fan dan ôf kriget it ferhaal twa linen.
 
De ''Castricum'' lannet op 22 maaie op de kust fan [[Honsjû]], pleatslik bekend as [[Fukushima (prefektuer)|Fukushima]]. Sy wachtsje in wike; de fiskersbefolking komt stikem op besite op it [[fluitskip]] en ruilet rikke salm tsjin arak en [[tabak]]. Sa't ôfsprutsen wie wurde op fêste tiden it kanon ôfsketten om kontakt te hâlden mei it susterskip de ''Breskens'', mar dat slagge net. [[Hendrick Cornelisz Schaep]] lanne op 10 juny 1643 op de kust by [[Yamada]]. De bemanning is troch in list (in besite oan [[kûrtisaneKoertisane|koertisanes]]s) fan board lokke, finzen nommen en nei [[Edo (Japan)|Edo]] brocht.
 
Vries besluet fierder te silen en brocht de kustline fan it noardlike Japanske eilân [[Hokkaido (Japan)|Hokkaido]] yn kaart, sa ek [[Oerûp]] in part fan de [[Koerilen]], en [[Sachalin]], wêr't er as earste Jeropeaan oan lân giet. Sy meitsje kontakt mei it [[Ainû (folk)|Ainû]]-folk.