De Forten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''De Forten''' wiene wenten foar earmelju oan de noardein en de súdein fan de [[Drachtster Feart (wetter)|Dwersfeart]] yn [[Drachten]].
 
Yn it begjin fan de [[20e iuw]] liet de gemeente [[Smellingerlân]] de wenten sette foar earmelju dy't sosjaal net oanpast wiene neffens de (boargerlike) noarmen fan dy tiid. It sil net tafallich west hawwe dat dy huzen oan it fuottenein fan Drachten komme moasten. Oan de útein fan de Noarderdwersfeart kamen twa blokjes fan twa wenten ('Noarderforten') en op de ein fan de Súderdwersfeart twa blokjes fan fjouwer wenten ('Suderforten'). Sy waarden bewenne troch meast grutte [[húshâlding]]s. De wenten liken wol 'oanpast' te wêzen oan de libbenswize fan de minsken dy't men op it each hie: sy likenlieken wol wat op forten en waarden yn de folksmûle dan ek sa neamd.
 
De Forten wiene fjouwerkant boud en hiene platte dakken. De foargevel hie twa heech oanbrochte lytse finsters mei pikegaas foar de glêzen. De doar oan de efterkant kaam fuort yn de keamer út. De flier wie fan stien en de bedstedenbedsteeën fan [[Beton|semint]]. Yn de jierren 1920 kaam der in kape op de wenten en waarden de lytse ruten troch gruttere ferfongen.
 
Yn 1986 is lêste wente fan de Suderforten ôfbrutsen.