Peter Timofeeff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 22:
==Libben en karriêre==
===Komôf===
Timofeeff waard yn [[1950]] berne yn [[De Haach]] as de soan fan in [[Ruslân|Russyske]] heit en in [[Nederlân]]ske mem. Syn efternamme fan syn famylje waard oarspronklik stavere as "Timofejev". Syn oerpake soe in [[kozakkenkosakken|kozakkosak]] west hawwe. Syn pake ([[1892]]-[[1962]]) wie ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] as sjauffeur yn 'e tsjinst fan it Russyske Keizerlik Gesantskip yn De Haach, en koe nei de [[Russyske Revolúsje]] fan [[1917]] net mear werom nei syn heitelân.
 
===Karriêre===
Nei't er in [[HTS]]-jûnsoplieding [[wege- en wetterbou]] ôfrûne hie, fûn Timofeeff wurk by it [[KNMI]] yn [[De Bilt (doarp)|De Bilt]], dêr't er oplaat waard ta [[meteorolooch]]. Om [[1990]] hinne krige er bekendheid as [[waarman]] yn it [[NOS Sjoernaal]], en letter fersoarge er yn it [[Feriene Keninkryk]] in pear jier lang de oplieding fan waarlju foar ''[[The Weather Channel]]''. Nei't er yn [[1997]] weromkeard wie yn Nederlân wied er jierrenlang yn 'e tsjinst by [[RTL Nederlân|RTL]], dêr't er û.m. op [[RTL 5]] it waarbulletên fersoarge yn it programma ''Weer en Verkeer''.
 
Yn [[2003]] wurke Timofeeff as saakkundige op it mêd fan wetter, miljeu en ferkear mei oan 'e [[Postbus 51]]-kampanje ''Nederland Leeft met Water''. Dêrnjonken wied er gauris yn in ferskaat oan [[tillefyzjetelefyzje]]programma's te sjen, wêrûnder ek as panellid yn amusemintsprogramma's. Fanôf [[oktober]] [[2013]] liedt Timofeeff nije waarlju op by RTL.
 
===Oare beuzichheden===