Prins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 3:
Der besteane ferskate soarten prinsen:
* De prins (prinsesse) as regearjend [[monarch]]. Dit soarte fan prinsen stiet oan it haad fan in '''prinsdom''', lykas foarhinne it prinsdom [[Oranje (prinsdom)|Oranje]], dêr't it [[Nederlân]]ske keningshûs syn famyljenamme ([[Hûs Oranje-Nassau|Oranje-Nassau]]) oan ûntliend. Hjoeddeistige foarbylden fan sokke prinsdommen binne [[Monako]] en [[Andorra]]. Foarhinne wiene der folle mear, benammen yn [[Itaalje]]. Yn it [[Dútsk]]talige gebiet waarden sokke prinsen [[foarst]] (''Fürst'') neamd, en sadwaande is it foarstedom [[Lychtenstein]] dan ek ekwivalint oan in prinsdom.
* De prins (prinsesse) as net-dynastyk [[ealman]]. By dit soarte fan prinsen is 'prins' in erflik oerdraachbere famyljetitel, ferlykber mei [[hartoch]], [[greve]] of [[markys]]. Sokke prinsen komme en kamen benammen foar yn [[Frankryk]], [[Itaalje]] en op it [[Ibearysk Skiereilân]], om't ek dizze foarm fan prinsen yn it Dútske taalgebiet [[foarst]] neamd waard. Foarbylden fan dit soarte fan prinsen binne de Frânske prinsen fan [[Condé]] en [[Sedan (Frankryk)|Sedan]], of om in spesifyk gefal te neamen, [[Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli]], ien fan 'e machtichste [[Spanje|Spaanske]] eallju út 'e [[16e iuw|sechstjinde iuw]].
* De [[prins fan it bloed]] (prinsesse fan it bloed). Sokke prinsen binne de soannen fan [[kening]]en of [[keizer]]s, hoewol't yn guon lannen ([[Eastenryk]], [[Ruslân]]) dêrfoar net de titel prins brûkt waard, mar [[aartshartoch]].
** De [[kroanprins]] (kroanprinsesse) is de prins fan it bloed yn in beskaat lân dy't erfgenamt fan 'e troan is. Yn 'e regel giet it dêrby om 'e âldste soan (of dochter) fan 'e regearjende monarch, mar it kin ek in jonger bern of in broer (of suster) wêze.