Minnistetsjerke fan Makkum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
[[]]
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De Minniste Tsjerke fan Makkum en de byhearrende kosterswenning waarden yn [[1909]] boud. Dêrfoar hie de [[Minnisten|minnistegemeente]] fan Makkum yn 1908 in stik grûn op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte kocht. It ûntwerp fan it kompleks is fan de [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] [[arsjitekt]] [[Hendrik Hendriks Kramer]]. Hy ûntwurp de gebouwen yn in ienfâldige [[UmOm 1800 beweging|Um 1800-styl]]. Kenmerkend binne de ferskillende klokgevels, yn de tsjerke en yn de kosterswenning.<ref>Neffens Karstkarel wie it kompleks sa as wenkompleks foarm jûn as in ferwizing fan de arsjitekt nei de [[skûltsjerke]]n dy't yn it ferline troch minnisten brûkt waarden (Karstkarel 2006:97)</ref> It tagongsstek oan de Bleekstrjitte sit ûnder in segmintbôge mei dêrboppe in boarstwarring op de hoeke markeard mei in [[Piron|bolpiron]]. Boppe de portyk sit ien fan de klokgevels en oan de linkerkant fan de portyk is in toerfoarmige konstruksje makke.
 
It tsjerkeoargel is yn 1890 boud troch de [[Lambertus van Dam|firma L. van Dam & Zn]] út Ljouwert, dy't dêrby gebrûk makke fan inkele ûnderdielen fan in earder troch [[Albertus van Gruisen|A. van Gruisen]] yn 1839 boud oargel. It oargel is allinnich tagonklik fia de kosterswenning.