Liesette Bruinsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 31:
Yn [[2014]] die Bruinsma foar it earst op ynternasjonaal nivo mei oan in swimtoernoai, yn it [[Skotlân|Skotske]] [[Glasgow]]. Yn [[2016]] naam se diel oan seis ûnderdielen op it [[Jeropa|Jeropeesk]] [[kampioenskip]] yn [[Funchal]], op [[Madeara]]. Se wûn dêr trije [[goudene medalje]]s: op 'e 400 m [[frije slach]] (S11), op 'e 100 m [[boarstslach]] (S11) en op 'e 200 m yndividuële [[wikselslach]] (S11). Dêropta behelle se ek noch in [[sulverne medalje]] op 'e 50 m frije slach (S11) en in [[brûnzene medalje]] op 'e 100 m frije slach (S11).
 
Letter datselde jiers kaam Bruinsma foar [[Nederlân]] út op 'e [[Paralympyske Simmerspullen 2016|Paralympyske Spullen]] yn [[Rio de Janeiro]], dêr't se op [[11 septimber]] goud wûn op it ûnderdiel 400&nbsp;m frije slach (S11). Fierders behelle se ek noch in sulverne medalje op it ûnderdiel 100&nbsp;m boarstslach (SB11) en twa kear brûns op 'e ûnderdielen 50&nbsp;m frije slach (S11) en 100&nbsp;m frije slach (S11). Werom yn Nederlân waard Bruinsma op [[21 desimber]] útroppen ta Paralympysk [[sporter]] fan it jier [[2016]]. Op [[15 febrewaris]] [[2017]] waard se tegearre mei [[Alyda Norbruis]] fan [[Oerterp]] ek útroppen ta Frysk Paralympysk sportfrou fan it jier [[2016]].<ref>{{Aut|Lolkema, Renze}}, ''Vier sportvrouwen van het jaar'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 16 febrewaris 2017, s. 2.</ref>
 
==Keppelings om utens==