Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw in keppeling oanpast.
Rigel 25:
 
Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn [[1681]] yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn [[1704]] kocht steedhâlder [[Jehan Willem Friso]] it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de [[Frânske Tiid]] priveebesit bleau fan wat letter it [[Nederlân]]ske [[Hûs fan Oranje-Nassau|Keninklik Hûs]] wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker [[Montanus de Haan Hettema]], dy't yn [[1855]] ûndersyk die nei de [[testamint]]en fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it [[Hollânsk]] der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in iuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn [[1398]]) as op it Fryske fêstelân (om [[1500]] hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.
[[File:Ameland_klederdracht.jpg|right|thumb|200px|[[It Amelân|Amelân]]ske klaaiïng mei [[earizer]].]]
 
Underwilens spilen de Amelanners fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf in wichtige rol yn 'e hannel op en it frachtferfier oer de [[Sudersee]], wat derta late dat se in protte kontakten hiene mei fral [[Amsterdam]], mar dêrnjonken ek mei oare Hollânske Suderseestêden. Fan 'e [[achttjinde iuw]] ôf meunsteren fierders in protte Amelanners oan op 'e Amsterdamske [[keapfardij]]float dy't op 'e [[Nederlânsk East-Ynje|East]] fear. Teffens wurken party Amelânske froulju yn har jonkheid in stikmannich jierren yn Amsterdam as tsjinstfammen, foar't se weromkearden nei it eilân om in gesin te stiftsjen. Ek dizze inige bân mei Amsterdam sil perfoarst ynfloed hân hawwe op it taalklimaat op it eilân.