Ferskil tusken ferzjes fan "Deportaasje"

162 bytes grutter ,  4 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[File:Vertreibung.jpg|right|thumb|250px|[[Etnyske groep|Etnyske]] [[Dútsers]] wurde oan 'e ein fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] deportearre út it [[Sudetelân]], yn [[Tsjechoslowakije]].]]
[[Ofbyld:Children headed for deportation.JPG|thumb|250px|Bern wurde deportearre út it [[getto van Łódź]] nei it [[ferneatigingskamp]] [[Chelmno|Chełmno]]]]
 
In '''deportaasje''' (fan it [[Frânsk]]e ''deportation'') is it ferwiderjen fan in persoan of groep [[minske]]n fan in plak of út in [[lân]] sûnder dat dy persoan of groep dêr wei wol. Soks wurdt yn 'e regel fan boppe-ôf oplein en útfierd troch in [[lân|nasjonale oerheid]]. As soks oplein wurdt by wize fan straf foar in [[misdriuw]] of as bestraffing foar ûnwinske [[polityk|politike aktiviteiten]] sprekt men almeast fan [[ferballing]], mar de grins tusken ferballing en it bredere begryp deportaasje is tige dizenich. Der besteane twa foarmen fan deportaasje: ynterne deportaasje en eksterne deportaasje. Sûnt de [[achttjinde iuw]] wurdt de deportaasje fan in befolkingsgroep út in gebiet dat dy groep histoarysk bewennet, beskôge as ûntalitber en in [[misdie tsjin de minsklikheid]].