Omotola Jalade Ekeinde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 2:
| ôfbylding = Omotola Jalade Ekeinde WEF 2015.png
| ôfbyldingstekst = Omotola Jalade Ekeinde ([[2015]]).
| ôfbyldingsbreedte = 250px
| echte namme = Omotola Jalade Ekeinde
| nasjonaliteit = [[File:Flag of Nigeria.svg|20px]] [[Nigearia|Nigeriaansk]]
Rigel 15:
'''Omotola Jalade Ekeinde''' (berne as '''Omotola Jalade'''; [[Lagos]], [[7 febrewaris]] [[1978]]), is in [[Nigearia|Nigeriaansk]] [[film]][[aktrise]], [[sjongster]] en [[minskerjochten|minskerjochte-aktiviste]] fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Jorûba (folk)|Jorûba]]-komôf. Sûnt har debút as [[aktrise]] hat se yn mear as 300 [[film]]s spile en withoefolle prizen wûn. Omotola, sa't se bekend stiet, is de súksesfolste [[Afrika]]anske aktrise ea, en de earste Afrikaanske persoan dy't mear as in miljoen ''likes'' krige op har ''[[Facebook]]''-side. Yn [[2013]] waard se troch it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[tydskrift]] ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' opnommen yn 'e list fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken op 'e wrâld.
 
==Libben en karriêre==
[[file:Omotee8.jpg|thumb|left|Omotola mei har soan yn 2010]]
 
===Jonkheid en húshâlding===
Omotola waard bern yn 'e Nigeriaanske metropoal [[Lagos]], as de âldste yn it gesin mei trije bern fan Oluwashola Jalade, dy't wurksum wie yn 'e pleatslike [[YMCA]] en de ''Lagos Country Club'', en dy syn frou Oluwatoyin Amori Oguntade, in wurknimster by de [[supermerk]]keatling ''J.T. Chanrai''. Omotola studearre fan [[1996]] oant [[2004]] management oan it ''Yaba College of Technology'', en it wie har bedoeling om 'e sakewrâld yn te gean. Doe't se yn [[1995]] lykwols in kammeraatske begelate nei in filmaudysje, waard har in rol oanbean, en sa rûgele se eins by fersin de aktearwrâld binnen.
[[File:Omotola 2009.jpg|left|thumb|250px|Omotola Jalade Ekeinde yn [[2009]].]]
 
Sûnt [[1996]] is Omotola troud mei Matthew Ekeinde, in piloat by in loftfeartmaatskippij. De trouwerij fûn plak oan board fan in fleantúch ûnderweis fan it Nigeriaanske Lagos nei it buorlân [[Benyn]], yn oanwêzigens fan famylje, freonen en goekunde. Se hawwe fjouwer bern, Princess, M.J., Meriaih en Michael.
Line 27 ⟶ 26:
 
Omotola krige bekendheid yn Nigearia troch har rol yn ''Mortal Inheritance'', út [[1995]], dêr't se twa ''THEMA's'' (ôfkoarting fan ''The Movie Awards'') mei wûn, de wichtichste Nigeriaanske filmpriis. Oare súksesfolle Nigeriaanske films der't se yn spile, wiene ''Games Women Play'', ''Blood Sisters'', ''All My Life'', ''Last Wedding'', ''My Story'' en ''The Woman in Me''. Neigeraden dat se yn mear films spile, waard Omotola ek om utens ferneamd, yn 'e rest fan ([[Ingelsk]]talich) [[Afrika]]; de Nigeriaanske filmyndustry, dy't [[Nollywood]] neamd wurdt (in gearlûking fan "Nigearia" en "Hollywood") is útgroeid ta de op twa nei grutste fan 'e wrâld, nei [[Hollywood]] en it [[Yndia]]aske [[Bollywood]]. Yn [[2005]] wûn Omotola in ''[[African Movie Academy Award]]'' (de Afrikaanske ekwifalint fan 'e ''[[Oscar]]'') yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise.
[[OfbyldFile:DJA with Star Actress Omotola 2009Jalade Ekeinde.jpg|leftright|220px|thumb|250px|Omotola Jalade Ekeinde ynmei [[DJ Abass]] ([[20092011]]).]]
 
Yn [[2010]] hie Omotola einlings in rol yn in film dy't ek echt yn 'e bioskoop draaide, te witten ''Ije''. Yn [[2012]] spile syn yn ''Last Flight to Abuja'', in film dy't sa súksesfol wie dat er alle eardere opbringstrekôrs fan Nollywood briek. It waard boppedat de op ien nei bêst besjoene en meast opbringende film yn [[West-Afrika|Westafrikaanske]] bioskopen ea, wêrmei't it withoefolle Hollywood-kaskreakers oan kant reage. Omotola hat ûnderwilens mear as fjirtich Nigeriaanske en Afrikaanske filmprizen wûn, en wurdt op 't heden beskôge as de bêst ferkeapjende Afrikaanske filmaktrise. Begjin [[2013]] makke se har debút op 'e Amerikaanske [[tillefyzje]], yn 'e searje ''[[Hit the Floor (telefyzjesearje)|Hit the Floor]]''. Dêrnjonken hat se sûnt [[2012]] (as earste bekende Nigeriaan) in eigen [[realitytillefyzje]]programma op 'e Nigeriaanske tillefyzje, mei as titel ''Omotola: The Real Me''.
Line 36 ⟶ 35:
===Aktivisme===
Omotola stiet bekend om har fûleindige aktivisme foar de [[minskerjochten]]. Sûnt [[2005]] is se ek aktyf as ''goodwill''-ambassadrise foar it [[Wrâlditensprogramma]] (WFP) fan 'e [[Feriene Naasjes]], benammen yn 'e Westafrikaanske lannen [[Siërra Leoane]] en [[Libearia]]. Yn dat lêste lân wurket hja nau gear mei presidinte en [[Nobelpriis]]winneresse [[Ellen Johnson Sirleaf]]. Fierders hat se op eigen kosten it ''Omotola Ekeinde Initiative for Youth Empowerment'' oprjochte, dat de Afrikaanske jongerein bewust meitsje moat fan harren fermogen om 'e politike takomst fan harren lannen te beynfloedzjen. Yn [[2011]] joech Omotola har by de minskerjochte-organisaasje ''[[Amnesty International]]'', en yn [[2012]] lansearre se in kampanje om [[ierdoalje|oalje]]maatskippij [[Shell]] en it Nigeriaanske regear ûnder druk te setten om harren ferantwurdlikheid te nimmen en de oaljefersmoarging yn 'e [[Niger (rivier)|Niger]]delta op te himmeljen.
[[fileFile:Omotee8.jpg|thumb|leftright|220px|Omotola mei har [[soan]] yn [[2010]].]]
 
== Filmografy ==