Skientme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L mear syn.
L typfl
Rigel 1:
'''Skientme''', '''kreazens''', '''kreasheid''', '''moaiens''', '''moaiheid''', '''tsjeppens''' of '''tsjepheid''' is in eigenskip fan in [[minske]], [[bist]], [[geografy|geografyske lokaasje]], [[idee]] of [[foarwerp]] dy't yn 'e [[persepsje]] fan in taskôger liedt ta ûnderfining fan [[geniet]] of in [[gefoel]] fan [[tefredenens]]. Dit konsept wurdt bestudearre as ûnderdiel fan 'e bredere terreinen fan 'e [[estetyk]], [[kultuer]], [[sosjale psychology]] en [[sosjology]]. It tsjinstelde fan skientme is '''lilkens'''. It stribjen of sykjen nei de heechste foarm fan skientme is in '''skientme-ideaal'''. Sokke ideälen ferskille lykwols fan [[kultuer]] ta kultuer en ferskowe fan [[skiednis|tiid]] ta tiid. Sadwaande kin eat dat yn [[Afrika]] as skientme-ideaal beskôge wurdt yn [[Jeropa]] alhiel net moai fûn wurde, en krektlyk binne de mûtele [[froulju]] dy't [[Peter Paul Rubens|Rubens]] yn 'e [[sechstjinde iuw]] [[skilderjen|skildere]] bepaald net mear it skientme-ideaal dat yn 'e [[ienentweintichste iuw]] jildt.
 
De ûnderfining fan skientme hat faak te krijen mei in ynterpretaasje fan in plak, foarwerp of idee as yn [[harmony]] mei de [[natoer]], wat by de taskôger liede kin ta positive gefoelens dêrfoaroer. As it om in minske giet, hat de ûnderfining fan skientme faak te krijen mei [[seksuële oantrekking]]skrêft, hoewol't poer estetyske wurdearring fan skientme ek mooglik is. Om't de ûnderfining fan skientme sterk [[subjektiviteit|subjektyf bepaald]] wurdt, is it net mooglik om der in slutende definysje foar te jaan, sels net binnen ien kultuer of ien tiidrek. It [[Ingelsk]] hat in [[sprekwurd]] dat seit: ''beauty is in the eye of the beholder'' ("skientme sit yn it each fan 'e taskôger"), en dat is mar al te wier.