Auschwitz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
 
Auschwitz II - Birkenau waard yn 1942 boud om systematysk te deadzjen. Der wienen seis gaskeamers en fjouwer krematoaria. Yn de maitiid fan 1942 begûnen de massadeportaazjes fan de [[Joaden]] nei Birkenau. Yn de simmer fan 1942 wienen der al mear as 20.000 Joaden yn Birkenau. Yn de neikommende jierren waarden mear en mear minsken deportearre nei Birkenau. Yn 1944 wie it tal transporten op in hichtepunt. Der waarden 600.000 Joaden nei Birkenau transportearre, dêrfan binne 500.000 fuortendaliks yn de gaskeamer fermoarde. De barbaarske SS-arts [[Josef Mengele]] wurke yn Birkenau.
 
Auschwitz III, ek wol ''Auschwitz-Monowitz'' neamd, wie it lêste fan de trije grutte kampen fan Auschwitz. Offisjeel wie Auschwitz III in subkamp, mar fanwege de grutte waard it el wol as haadkamp beskôge. Auschwitz III wie it wurkkamp, dêr't bedriuwen as [[IG Farben]] en [[ThyssenKrupp|Krupp Stahl]] festigingen hiene en gebrûk makken fan twangarbeiders.
 
== Slachtoffers ==