It Nijs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
noch wat
L red
Rigel 3:
'''Itnijs.frl''' is in inisjatyf fan de [[Ried fan de Fryske Beweging]]. Dy fynt dat der yn in folwoeksen taal nijs te lêzen wêze moat dat oeral wei komt, net allinnich út [[Fryslân]], mar út de hiele wrâld.
 
It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt dy yn de nijsmedia noch hieltyd net folle brûkt, wylst it hiel gewoan wêze moatte soe dat minsken yn Fryslân it nijs yn de eigen taal oanbean krije. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en net mear as sa út en troch in stikje yn it Frysk, [[Stellingwerfsk]], [[Biltsk]] of it [[StêdskStedsk]] opnimme, as it oer dy talen giet of as immen oanhelle wurdt dy’t sa’n taal praat.
 
Om it Frysk yn de media in better plak te jaan, hat de Ried fan de Fryske Beweging yn 2009 (doe noch) ItNijs.nl opset, de earste folslein Frysktalige nijsside dy’t him net beheint ta de regio en saken dy’t mei de eigen taal anneks binne. Likegoed biedt de side aktualiteiten op it mêd fan Fryslân, Friezen en it Frysk. Mar dêrnjonken is der spesjaal omtinken foar de oare Fryslannen en foar talen en minderheden rûnom yn de wrâld. Fierders kinne winliken alle ûnderwerpen oan bar komme, al moat de lytse redaksje, dy’t yn dieltiid en mei frijwilligers wurket, alle dagen wer in beheinde kar meitsje út it grutte nijsoanbod.
 
De stikken wurde anonym ûnder redaksjenamme pleatst, sa'tsadat it net dúdlik is oft it in produkt fan [[sjoernalistyk|profesjonele of burgersjoernalistyk]] oanbelanget. Op it [[webloch]] fan skriuwer [[Cornelis van der Wal]] wurdt It Nijs regelmjittich amateurisme ferwiten en hikkele.<ref>http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?tag=it-nijs It Nijs op bloch Cornelis van der Wal</ref> [[FNP]]-[[riedslid]] [[Jochum Meester]] hat yn [[2014]] klage oer it hieltyd bringen fan ûnkrektheden, en net rektifisearjen.<ref>http://www.itnijs.frl/2012/05/sp-yn-aksje-yn-skarsterlan/#comments Opmerking J. Meester oer It Nijs</ref> [[Webloch|Blogger]] [[Daam de Vries]] hat It Nijs yn [[2012]] in 'koppypeestmasine' neamd, en har derfan beskuldige reäksjes te sensurearjen.<ref>http://webdok.nl/?p=2529 Daam de Vries: "Sensuer by de djipfriezen"</ref> Alle artikels binne noch werom te lêzen. Yn 2015 stienen der 15.000 berjochten op ItNijs.frl. <ref> http://www.itnijs.frl/2015/03/15-000-berjochten-op-it-nijs </ref>
 
== Keppeling om Utens ==