Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:FOKA aksje maaie 1974.jpg|thumb|300px|FOKA aksje yn maaie 1974 yn Utingeradiel (Ljouwerter Krante 29-05-1974).]]
 
De '''Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy''' (ôfkoarte '''FOKA''') wie yn it jier [[1974]] in organisaasje fan Fryske studinten yn Grins. Foaroanmannen fan de FOKA wienen Alex Riemersma en Auke van der Goot.
 
== Fokus ==
Rigel 7:
 
== Aksje ==
Yn 'e nacht fan [[24 april|24]] op [[25 april]] wie de earste aksje ûnder it motto: "Frysk Blinders". In stikmannich ferkearsbuorden, plaknammebuorden en oare iepenbiere opskriften waarden mei plakplaatsjes en ferve bekladde. De FOKA hie de plaknamme- en strjitnammebuorden oanpakt, omdat dy de konkrete symboalen binne dy't de macht fan de oerheid oantoane. De skea wie sa likernôch 3.000 [[gûne]].<ref>[http://www.grutskopfryslan.eu/content/view/147/38/ FOKA fervet buorden met Nederlânsktalige teksten oer] út de Ljouwerter Krante fan 25-04-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)</ref>
 
Op 15 maaie reizgen plysjes út Fryslân nei Grins om dêr fjouwer Fryske studinten te hearren. Twa bekenne by de FOKA te hearren, de oare twa ûntkenne.<ref>[http://www.grutskopfryslan.eu/content/view/208/38/ Friese politie jaagt in Groningen op FOKA] út de Ljouwerter Krante fan 16-05-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)</ref>