Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie [[Goslingastate (Hallum)|Goslingastate]] fan 2½ bunder. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.
 
In oare state wie [[Sythiemastate|Sytsjemastate]]. Dy wurdt yn [[1307]] al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, [[grytman]] fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1798 ôfbrutsen. De stiennen waarden brûkt om de [[Waltastate]] yn [[Boazum]], dy't net rjochtlik ôfbrutsen wie, op 'e nij te bouwen. Tsjin [[Hijum]] oan lei [[Ondersmastate]], better bekend as it Hûs fan Berou, dêr't ûnder oaren riedshear en diplomaat [[Allard Pieter fan Jongstal]] wenne. Yn de [[16e iuw]] is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wiene der noch [[Feitsmastate (Hallum)|Feitsmastate]] en [[Jayemastate]]. Op [[Jajemastate]] hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn [[1228]] yn in gefjocht sneuvele. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.
 
== Tsjerken ==