Exxxotica Fan Choice Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 16:
| webside = [http://exxxoticaexpo.com exxxoticaexpo.com]
}}
[[File:Andrea Sullivan at Exxxotica Miami 2009 (2).jpg|left|thumb|190px|Exxxotica [[Miami]] [[2009]].]]
De '''''Exxxotica Fan Choice Awards''''' binne in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] publyksprizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste [[pornografyske film]]s. Se besteane sûnt [[2006]] en wurde útrikt op 'e ''[[Exxxotica]]'' (ek wol it ''Exxxotica Expo'' neamd), in trijedeiske eroatyske fak- en publyksbeurs, dy't organisearre wurdt troch ''Victory Tradeshow Management''. De ''Exxxotica'' kin him altiten foarstean litten op 'e oanwêzigens fan grutte nammen út 'e Amerikaanske [[porno]]yndustry; sa is de beurs yn it ferline besocht troch [[Jenna Jameson]], [[Tera Patrick]] en [[Ron Jeremy]].
 
 
De orizjinele en wichtichste ferzje fan 'e ''Exxxotica'', yn [[Floarida|Súd-Floarida]], waard elts jier fan [[2006]] oant [[2012]] yn [[Miami Beach (Floarida)|Miami Beach]] holden, mar ferhuze yn [[2013]] nei [[Fort Lauderdale (Floarida)|Fort Lauderdale]]. Fan [[2008]] ôf wurdt der ek in fariant (op in oare tiid fan 't jier) holden yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nij-Jersey]], al wurdt dêrfoar yn 'e regel de ynkorrekte namme ''Exxxotica NY'' brûkt (mei't it deunby, mar net ýn [[New York (stêd)|New York]] is). Yn [[2010]] en [[2011]] waard der ek in ferzje fan 'e beurs holden yn [[Los Angeles]], mar dat wie gjin súkses. Sûnt [[2011]] bestiet der wol wer in ''Exxxotica'' yn [[Chicago]], sadat it evenemint op 't heden op trije plakken holden wurdt (Súd-Floarida, Nij-Jersey en Chicago).