Freark III fan it Hillige Roomske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bwag (oerlis | bydragen)
fc (more light & object)
Rigel 14:
Súkses hie Freark III ek by it sykjen fan in houlikspartner foar syn soan en opfolger [[Maksimiliaan I]]. Nei dat [[Karel de Stoute]] it stedsje [[Neuss]] fan [[july]] 1474 oant [[juny]] [[1475]] belegere hie, gie Freark III de ûnderhannelings oan mei Karel de Stoute. Freark III krige it houlik fan Maksimiliaan mei de dochter en erfgenaam fan de hartoch fan [[Boergonje (regio)|Boergonje]], [[Maria fan Boergonje]], foar elkoar. Sa soarge Freark III foar in grutte útwreiding fan it kroandomein fan it Habsbuorchske Hûs.
 
[[Ofbyld:Wien - Stephansdom, Grabmal Kaiser Friedrichs III.Stephansdom61.jpgJPG|thumb|right|200px|''It grêfmonumint fan Freark III.'']]
 
Freark stoar doe’t er 77 wie nei in mislearre besykjen om syn lofterfoet dêr ôf te heljen. Omdat Freark syn soan Maksimiliaan I sûnt 1490 de hearsker wie oer [[Tirol]] en [[Foar-Eastenryk]], wie it Habshuorchske Ryk op it stuit dat Freark III ferstoarn foar it earst sûnt de opsplissing mei it ferdrach fan Neuberg yn [[1337]] wer kompleet.