Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 31:
 
Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde [[Anatoalyske teory]] oan, dy't de Britske archeolooch [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] formulearre. Dêryn wurdt steld dat de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen [[Anatoalje]] (oftewol [[Lyts-Aazje]]) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e [[lânbou]] yn it [[Neolitikum]] (it lêste stadium fan 'e [[Stientiid]]), en begûn dy dus om [[7000 f.Kr.]] hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn [[2003]] al ûnderstipe troch de [[biotaalkunde|biotaalkundige]] resultaten út it ûndersyk fan [[Russell Gray]], dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken [[7800 f.Kr.|7800]] en [[5800 f.Kr.]] útkamen.
[[File:IE expansion.png|thumb|right|250px|De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken [[4000 f.Kr.|4000]] en [[1000 f.Kr.]], neffens de [[KurganKoergan-hypotezehypotese]].]]
 
In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Kurgan-hypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e [[Anatoalyske talen]], in útstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it [[Hettitysk]]. Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in ûnderdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene – sustertalen wiene – en fuortkamen út in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it [[Proto-Yndo-Hettitysk]] neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).