Wicked Pictures: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 22:
| webside = [http://www.wickedpictures.com www.wickedpictures.com]
}}
'''''Wicked Pictures''''', soms ôfkoarte ta '''Wicked''' of '''WP''', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Canoga Park (Los Angeles)|Canoga Park]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Sûnt syn oprjochting yn [[1993]], troch [[Steve Orenstein]], mei help fan [[Brad Willis|Brad]] en [[Cynthia Willis]], hat dy him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's, en yn [[2006]] waard it troch it [[parseburo]] [[Reuters]] omskreaun as fan ien it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.
[[File:Wicked girls AVN Expo 2000.jpg|thumb|left|250px|De ''Wicked''-kontraktstjerren yn [[2000]]: (f.l.n.rj.) [[Stephanie Swift]], [[Alexa Rae]], [[Temptress (pornografysk aktrise)|Temptress]] en [[Jenna Jameson]].]]
 
''Wicked Pictures'' (letterlik: "Boasaardige Films") begûn lyts, mar wist al rillegau in eigen plak yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te feroverjen. Yn it earste jier wûn it label al in prestizjeuze ''[[AVN Award]]'' yn 'e kategory bêste fideo-útjefte, foar de film ''Haunted Nights''. Yn [[1995]] tekene de doe noch frij ûnbekende [[Jenna Jameson]] in fiifjierrich kontrakt by ''Wicked''. Al hiel gau dêrnei waard sy withoe populêr en de ûnbidige groei fan 'e studio yn 'e jierren tusken [[1995]] en [[2000]] wie foar in grut part oan har te tankjen. ''Wicked'' is de iennichste [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] pornostudio dy't (sûnt [[2004]]) in belied fierd dat it gebrûk fan [[kondoom]]s troch syn [[pornoaktrise|akteurs]] ferplichte steld. Likegoed moast de studio yn oktober [[2010]] de produksje stillizze doe't ien fan 'e akteurs [[HIV]]-posityf bliek te wêzen. Yn desimber fan dat jier sleat ''Wicked'' in oerienkomst mei de yn [[Lúksemboarch]] fêstige porno-mulitnational [[MindGeek (foarhinne Manwin]]), wêrby't fêstlein waard dat dy tenei de websiden fan ''Wicked'' runne soe.
 
==Keppelings om utens==
● {{en}}[http://www.wickedpictures.com/ Offisjele webside fan ''Wicked Pictures'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=