Krústochten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje útwreide
L [[]]
Rigel 4:
It is in ier foarbyld fan de Jeropeeske [[Ekspânsjonisme|ekpânsjebeweging]] dy't op gong kaam nei't der yn [[10e iuw]] in ein kaam wie oan de [[ynvaazje]]s fan Jeropa troch [[Wytsingen]], [[Moaren]] en Aziatyske steppefolken (de [[Hunnen]]).<ref>Wim Blockmans en Peter Hoppenbrouwers: ''Eeuwen des Onderscheids.</ref>
 
It begûn as in besykjen fan de [[Kristendom|Kristenen]] om Moslims út de hillige stêd [[Jeruzalim]] te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn it hillige[[Hillige lânLân]] en omkriten, mar ek yn Jeropa. Ek neitiids waard in protte en faak striden út namme fan de [[Tsjerke]]. Al op de Earste Krústocht waarden der ek [[krúsfearderssteaten]] stichte.
 
Oare krústochten yn Jeropa binne de betreklik ûnbekende [[Noardlike Krústochten]], wêrfan't dy de [[Dútske Oarder|Dútske Oarder of Teutonysk Ridders]] de meast wichtige wiene. Harren aksjes spilen har fral yn de gebieten om de [[Eastsee]] hinne ôf. In grut part fan de dêre festige wrâldlike macht ferlearen se wer yn de [[Slach by Tannenberg (1410)|Slach by Tannenberg]] yn [[1410]].