Hendrik Spilman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Hendrik Spilman - selfportrait with his family.jpg|thumb|Selsportret fan Hindrik Spilman mei Suzanna fan Bommel en twa dochters ([[Ryksmuseum Amsterdam]])]]
 
[[Ofbyld:Spilman Beverweerd.jpg|thumb|''[[Kastiel Beverweerd]]'' troch Hendrik Spilman]]
'''Hendrik Spilman''' ([[Amsterdam]], [[17 febrewaris]] [[1721]] - [[Haarlim]], [[3 febrewaris]] [[1784]]) wie in Nederlânsk topografysk graveur, [[tekener]] en [[skilder]]. Hy wie in learling fan [[Abraham de Haen]] (de jongere, [[1707]]-[[1748]]).
 
Spilman wie yn [[1742]] registrearre by it Haarlimmer Sint-Lucasgilde. Der binne mar in pear skilderijen fan him bekend, wêrûnder in "Gezicht op de Korte Spaarne te Haarlem", dat yn it Haarlimske [[Frans Hals Museum]] hinget. Der binne wol in soad tekeningen fan him bewarre bleaun, dy't oantoane dat er it lân yngie om gebouwen en lânskippen te sketsen, dy't letter ta tekeningen útwurke waarden. In foarbyld is in sketsboek fan syn hân yn it [[Ryksmuseum Amsterdam]] dêr't 65 sketsen fan Noard-Brabânske doarpsgesichten en kastielen yn opnomd binne.
 
As syn wichtichste wurk wurde syn sketsen yn it topografyske wurk: ''[[Het Verheerlijkt Nederland]]'' beskôge. Dit by [[Isaac Tirion]] útjûne wurk besloech njoggen dielen. Foar acht dêrfan makke hy mei elkoar sa'n 800 gravueres. Hjirfoar brûkte hy eigen wurk, mar ek makke hy gravueres nei wurk fan [[Jan de Beyer]], [[Cornelis Pronk]], en Abraham de Haen. Ek it wurk fan [[Cornelis Ploos van Amstel]] foarme foar him in ynspiraasjeboarne.
 
<gallery widths="180" heights="180">
Rivierlandschap met ru?s.jpeg|Ruïnes
Slot Ramp.jpg|Kastiel Ramp
Kasteel Schonauwen 1750.jpg|Kastiel Schonauwen, 1750
</gallery>
 
{{Boarnen|boarnefernijing=