Ko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L noch wat
Rigel 12:
De opkomst fan it boerebedriuw barde yn it lettere Fryske gebiet – want de minsken neamden harsels noch gjin Friezen – pas letter, ûngefear yn 3400 foar Kristus. De earste boeren wennen op it sân, ûngefear yn de tsjintwurdige [[Wâlden]] en [[Gaasterlân]]. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde se [[Trachterbekerkultuer|Trachterbeker-minsken]] neamd. Harren spoaren hawwe se efterlitten yn it gebiet fan [[Grut-Brittanje]] oant en mei [[Bulgarije]]. Se binne ek bekend wurden troch harren [[hunebêd]]en. Fan dizze earste boeren is in (restaurearre) [[Grêfhichte|grêfheuvel]] te sjen by [[Bakkefean]]. It âldste bewiis fan de aktiviteiten fan dizze prehistoaryske boeren yn it tsjintwurdige Fryslân is fûn op in sânrêch by [[Boarnwert]] by Dokkum. Dêr fûnen archeologen in ikker dy’t datearret út ± 3000 foar Kristus. Dizze boeren hâlden fee en hiene ek wat bou. Harders lieten yn it foarjier en de simmer it fee weidzje yn fjilden oan de râne fan it sân of op de klaai. Yn de iuwen dêrnei naam de bewenning fan de sângrûnen yn de Wâlden ta, om yn it lêste desinnium foar it begjin fan de jiertelling wêr te minderjen. Troch in sterke groei fan it [[fean]] rekke hieltiten mear boerelân oerwoekere. Uteinlik rekken de Wâlden foar it meastepart ûntfolke en lutsen de minsken mei harren fee nei de tige fruchtbere kwelders – de tsjintwurdich yndike klaaistreken – dêr’t se terpen opsmieten om op te wenjen. Dat barde sûnt sawat 600 foar Kristus.
 
De kij út dy tiid wiene in stik lytser as ‘Us Mem’. Yn de rin fan de tiid hawwe der in soad ferskillende kij yn Fryslân omrûn: grut, lyts, readbûnt, mûsgriis, swart-wyt, [[blierkop]] oant en mei de [[Blonde d’Aquitained'Aquitaine]]. Mar al tûzenen jierren, ek doe’t der noch hielendal net fan Fryske grûn sprutsen wurde koe, hawwe der kij yn it lân stien. Sa is de ko ien fan de meast konstante ferskinings út de Fryske skiednis en dêrmei net allinnich in produsint fan molke, bûter en tsiis, mar ek fan Fryske identiteit.
 
== Rasoantsjutting ==