Archangelskoje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Archangelskoje ''Архангельское'' | ôfbylding = Arkhangelskoe Estate Aug2012 buildings 08.jpg | ôfbyl...
 
Rigel 39:
[[File:Church Mihail Arhangel-2008.JPG|thumb|left|250px|It âldste bouwurk op it gebiet: de Tsjerke fan de Aartsingel Michaël]]
[[File:Heracles et Antee3.jpg|thumb|200px|Herakles en Antaios]]
Yn 1810 kocht de keunstleafhawwer prins Nikolai Jûsûpov it bûten oan om dêr syn kolleksje ûnder te bringen. Troch de ynfaazje fan de Frânsen yn 1812 moast de keunstkolleksje yn alle hasten oerbrocht wurde nei it fiere Astrakhan, it bûten waard plondere en rekke yn 1820 fierder skeind troch brân. Foar it herstel waarden de bêste arsjitekten út Moskou oansteld en it krige de bynamme "It Versailles fan Moskou". It waard in bûtenbûtenpleats dêr't de hegerein graach kaam en tal fan pommeranten besochten it bûten, dêrûnder wiene skriuwers, dichters, keunstners en musisy en leden fan it keninklik hûs.
 
Oan it begjin fan de 20e iuw waard noch in grutte renovaasjes fan it paleis útfierd. It bûten bleau yn de famylje Jûsûpov oant it nei de revolúsje troch de [[bolsjewiken]] ûnteigene waard.
 
Prins Feliks Jûsûpov, de soan fan de lêste eigner, beskreau yn syn memoires ''Avant l'Exil'' ('Foar de ferballing) it bûten wiidweidich. Net fier fan Archangelskoje steane de resten fan it bûten Ilinskoje fan grutfoarst [[Sergej Aleksandrovitsj fan Rusland|Sergej Alekandrovitsj]], dy't it nei syn dea neiliet oan syn omkesizzer [[Dimitri Pavlovitsj fan Ruslân|Dimitri Pavlovitsj]]. Feliks Jûsûpov en Dimitri Pavlovitsj wiene beide anneks mei de moard op [[Grigori Raspûtin|Raspûtin]].
 
Archangelskoje waard in museum en tusken 1934 en 1937 waard in diel fan de gebouwen ôfbrutsen foar de bou fan in sanatorium[[sanatoarium]] foar it Folkskommisariaat fan Definsje.
 
Tsjintwurdich is Archangelskoje in steatsmuseum.