Arthur Conan Doyle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
Yn [[1868]], doe't er njoggen jier wie, waard er, op kosten fan syn wolstelde omkes, nei de [[jezuïten|jezuïtyske]] [[kostskoalle]] ''Hodder Place'', yn [[Stonyhurst]], yn it Noardingelske greefskip [[Lancashire]], ta stjoerd. Dêr bleau er oant [[1870]], wêrnei't er oant [[1875]] syn middelbere-skoaloplieding folge oan it ''Stonyhurst College''. Doe brocht er in jier ([[1875]]-[[1876]]) troch oan 'e jezuïtyske skoalle ''Stella Matutina'', yn it [[Eastenryk]]ske [[Feldkirch]]. Nettsjinsteande dizze tige [[roomsk-katolisisme|roomske]] oplieding, soed er letter yn syn libben it roomske [[leauwe]] fersmite en in [[agnostisisme|agnost]] wurde.
 
Fan [[1876]] oant [[1880]] studearre Doyle [[medisinen]] oan 'e [[Universiteit fan EdenburchEdinburch]]. Neitiid meunstere er yn [[1880]] oan as [[skipsdokter]] op 'e [[walfiskfarder]] ''Hope of Peterhead'', op in reis nei [[Grienlân]], en yn [[1881]] op 'e ''Mayumba'' op in reis nei de westkust fan [[Afrika]]. Yn [[1885]] behelle er syn doktoraat mei in proefskrift oer [[syfilityske myelopaty]], in sykte dy't de [[senuw]]en yn 'e [[rêchbonke]] oantaast dy't ynformaasje út it lichem oan 'e [[harsens]] trochjouwe.
[[Ofbyld:Sherlock Holmes Statue, Edinburgh.JPG|thumb|left|250px|It stânbyld fan Sherlock Holmes yn Doyle syn bertestêd [[Edinburch]].]]