IJme Gerardus Bijvoets: ferskil tusken ferzjes

Nederlânsk arsjitekt
Content deleted Content added
Nije Side: '''IJme Gerardus Bijvoets (Gzn.)''' (Wymbritseradiel, 2 septimber 1837Haarlim, 25 jannewaris 1901<ref>De rouadvertinsje yn 'Het nieuws van den dag' 28 janu...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 mrt 2017 om 18.15

IJme Gerardus Bijvoets (Gzn.) (Wymbritseradiel, 2 septimber 1837Haarlim, 25 jannewaris 1901[1]) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf.

Under oaren yn Amsterdam en Westbeemster ûntwurp er ferkate gebouwen. Guon dêrfan binne hjoed de dei monumint. Yn 1891 kaam de Wintertún foar de ien jier earder iepene Tivoli Skouboarch yn Rotterdam klear.

Hy wie troud mei Adriana Dolphina Boonekamp († 1890) en krige mei har teminsten twa bern.

Wurk (in kar)

  • Westbeemster, St. Jan de Doper mei de pastory, Jisperwei 55, om 1879, ryksmonumint;
  • Amsterdam: Gebou Mercurius, Prins Hendrikkade 20, 1882-1883, ryksmonumint;
  • Amsterdam: Rokin 26, 1883 yn neo-renêssânsestyl, gemeentlik monumint;
  • Amsterdam: De Ruijterkade 105-106, 1884, hoekpân mei û.o. remise, wurkromte en boppewenten, ryksmonumint;
  • Rotterdam: Tivoli Wintertún, 1891;
  • Amsterdam: Stadhouderskade 62-64, hoeke Frans Halsstrjitte.

Fierder lêze

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De rouadvertinsje yn 'Het nieuws van den dag' 28 januari 1901, rieplachte fia Delpher.nl