Noarder Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
[[]]
Rigel 3:
'''Noarder Drachten''', ek '''Noarderdrachten''' wie in [[doarp]] oan de noardeastlik fan de hjoeddeiske [[Drait]] en justjes besuden de doetiidsk noch besteande Noarder Drait (dêr't de [[Burmaniasleat]] fan oerbleaun is). It doarpke is nei de oanlis fan de [[Drachtster Feart (wetter)|Drachtster Feart]] yn 1641 mei [[Suder Drachten]] útgroeid ta [[Drachten]], mar wie oant begjin 19e iuw noch in bestjoerlike ienheid.
 
It doarpke is neamd nei de Noarder- of Lytse Dracht (ek Drait neamd).<ref>{{Aut|J. J. Spahr van der Koek}}, ''Drentelen door Drachten'', yn Drok, drok Drachten, 1970.</ref> Der wurdt oannaam dat Noarder-Drachten (en Suder Drachten) om 1150 ûntstien is, oan de Aldewei (de Alde Lykwei) en [[de Folgeren]] fan no.<ref>{{Aut|J. J. Spahr van der Koek}}, ''Drentelen door Drachten'', yn Drok, drok Drachten, 1970.</ref> De namme wurdt yn stikken neamd sûnt 1441.
 
De tsjerke, dêr't noch in ienfâldige tekening fan [[Bearn Lap]] fan bekend is, stie op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Stasjonswei fan no. Foar de grutskalige ferfeanings hie it doarp in djip, grut efterlân dat sa'n bytsje oan de grins mei [[Achtkarspelen]] rûn. Mei it ûnstean fan [[Rottefalle]] en [[Drachtster Kompenije]] is himrik tige krompen.