Eeltsje Hiddes Halbertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
Rigel 45:
 
Halbertsma waard yn [[1827]] lid fan it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde]], mar sei yn [[1834]] syn [[lidmaatskip]] op om't er it mar healwize lju fûn.<ref>Van der Schaaf, s. 38</ref> De stive [[deftigens]] fan 'e oare leden wied er twer fan, en hy koe dat [[heechkroppigens|heechkroppich]] [[hâlden en dragen]] ek min goedkrije mei it 'sûpen en fretten', nei ôfrin fan 'e [[gearkomste]]n. "''Es gibt Narren aller Art''" ("Je hawwe gekken yn alle soarten"), skreau er oan syn broer Joast.<ref>Van der Schaaf, s. 38</ref> Dyselde bleau wol lid fan it Genoatskip, mar dy koe it spul alhiel yn [[Dimter]], dêr't er [[dûmny]] wie, ek wat makliker op in distânsje hâlde.<ref>Van der Schaaf, s. 38</ref> Letter waard Eeltsje Halbertsma lid fan it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]], dêr't it him aardich better befoel.<sup>[boarne nedich]</sup>
[[File:JoostEeltsje Hiddes Halbertsma, gable stone in his birth house in Grou.JPGjpg|left|thumb|200px|[[Gevelstien]] mei it byltenis fan Eeltsje Halbertsma yn 'e foargevel fan syn bertehûs yn [[Grou]].]]