De Lawei (teater): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 4:
== Skiednis ==
Doe't Drachten yn de jierren fyftich fan de 20e iuw begûn te groeien, mei troch de komst fan [[Philips]], waard yn [[1955]] in stifting oprjochte om in kultureel sintrum op te setten.<br>
Op [[20 maaie]] [[1960]] waard De Lawei feestlik iepene. De skouboarch waard neamd nei in [[lawei]] of 'lavei', de tiidwizer foar de feanarbeiders, ek wol de 'klok fan it fean' neamd, dy't ûnder mear it skoft oanjoech. Earste direkteur wie oant 1 juny [[1962]] J.W. van Zanten, dêrnei naam [[Roel Oostra]] it oer.<br>
It gebou De Lawei hie in romme [[foyer]] en boppeseal, yn [[1972]] kaam der in repetysjeromte, kantoaren en ekstra klaaikeamers foar de [[Noorder Compagnie]]. Fierders wie der in grutte binnentún. Ek de muzykskoalle "Meldij" waard útwreide en der kaam in romte foar eksposysjes by. Yn [[1984]] folge in grutte útwreiding mei help fan arsjitekt [[Abe Bonnema]].