Fret: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Werom sette fan ferzje 824879 fan Special:Contributions/Ieneach fan 'e Esk (Meidogger_oerlis:Ieneach fan 'e Esk) Neffens de FA is It Amelân mei twa haadletters.
Rigel 28:
 
==Domestisearring en ferwyldering==
De skiednis fan 'e domestisearring fan 'e fret is ûnwis, mar [[DNA-analyze]] hat útwiisd dat er nei gedachten likernôch 2500 jier lyn ta [[húsdier]] makke is. Fierders binne der sterke oanwizings dat fretten al troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] holden waarden. Lange tiid waard de fret inkeld brûkt foar de jacht (it saneamde "frettearjen") op [[wylde knyn|kninen]], mar tsjintwurdich wurdt er benammentlik as [[selskipsdier]] holden. Fretten hechtsje har oer it algemien net sterk oan harren eigeners en sille ornaris eltse kâns oangripe om út te naaien. Dêrfandinne komme op withoefolle plakken, ek yn [[Nederlân]], ferwyldere fretten foar. Sa besteane op [[Teksel]] en [[itIt Amelân]] populaasjes murdkleurige fretten. Om't de murd sels op 'e [[Waadeilannen]] net foarkomt, hawwe se dêr in lege [[biology|biologyske]] nys ynnommen. Op plakken dêr't de fauna [[evolúsjeteory|evoluëarre]] is sûnder murden of oare soksoartige martereftigen, hawwe lânseigen soarten faak gjin ferwar tsjin fretten en kinne se grutte [[ekology|ekologyske]] skea oanrjochtsje. Soks bart bgl. op 'e [[Sjetlâneilannen]] en yn [[Nij-Seelân]], dêr't ek koloanjes ferwyldere fretten besteane. As reäksje dêrop binne der yn guon parten fan 'e wrâld wetten oannommen om it hâlden fan fretten as húsdier oan bannen te lizzen of sels hielendal te ferbieden. Gebieten dêr't it hâlden fan fretten yllegaal is, binne û.m. [[Porto Riko]], de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] steat [[Kalifornje]] en de [[Austraalje (lân)|Australyske]] lânsdielen [[Queenslân]] en it [[Noardlik Territoarium]]. Yn [[Portegal]], [[Brazylje]] en [[Nij-Seelân]] meie fretten allinne holden wurde as der oan tige strange betingsten foldien is, mei dêrûnder registraasje en [[sterilisaasje]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=