Wolga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
plaatsjes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Volgarivermap.png|thumb|Streamgebiet fan de Wolga]]
De '''Wolga''' ([[Russysk]]: Волга) is in [[rivier]] yn West-[[Ruslân]], it is de langste rivier fan [[Jeropa]], mei in langte fan 3530 kilometer. Foardat de Wolga kanalisearre en yndamme waard wie rivier 3690 meter lang. Yn de [[âldheid]] hite de rivier ''Rha''. Turkske folken brûke de namme ''Idel''. De rivier ûntstiet op de Waldajhichte, 225 meter boppe seenivo. De rivier streamt by de neikommende stêden del [[Tver]], [[Rybinsk]], [[Jaroslavl]], [[Nizjni Novgorod]], [[Kazan (stêd)|Kazan]], [[Oeljanovsk]], [[Samara (stêd)|Samara]], [[Saratov]], [[Wolgograd]] en [[Astrachan]]. Oan 'e ein streamt de Wolga troch de mânske [[Wolgadelta]], en einiget yn de de [[Kaspyske See]]. De rivier wurdt opkeard troch acht keardammen, dêrtroch binne der acht marren ûntstien. De âldste [[keardaam]] is dy by Ivankovo en waard yn 1937 oplevere. De grutste daam is dy fan Samara (1957): de byhearrende opslachmar omfiemet it lêste part fan de [[Kama (rivier)|Kama]], dat is de grutste sydrivier fan de Wolga. Neist de Kama binne de [[Oka (Jeropa)|Oka]] en de Vetloega wichtige sydrivieren. Troch in stik as wat kanalen is de Wolga ferbûn mei de [[Eastsee]], de [[Wite See]] en de [[Swarte See]]. De Wolga hat altyd in belangryk farwetter west yn Ruslân, sawol foar de hannel as foar folksferhuzings.
 
== Galery ==
<gallery widths="180" heights="180">
Исток Волги 03.JPG|De boarne fan de Wolga by Wolgowerchovje
Volga_Ulyanovsk-oliv.jpg|De Wolga yn Oeljanovsk
Tver winter01.jpg|De beferzen Wolga yn [[Tver]]
Круизные корабли на Волге.jpg|Cruiseskippen op de Wolga
</gallery>
 
== Keppeling om utens ==