Ingelsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:21 English people.png|thumb|''Ingelske minsken'']]
De '''Ingelsen''' of '''Ingelsken''' binne de bewenners fan [[Ingelân]], it grutste lân yn it [[Feriene Keninkryk]] en stamje ôf fan it ferskaat oan folken dy't harren eartiids dêrnei ta wenjen setten hawwe. It folk is in gearstalling fan [[Kelten]] en [[Germanen|Germaanske]] folken as de [[Jutten]], [[Saksen (folk)|Saksen]], [[Friezen]] en [[Angelen]]. Utsein de ûngefear 49.2 miljoen Ingelsen dy't meast by de [[Anglikaanske steatstsjerke]] hearre, wenne yn in hiel Grut-Brittanje ek noch 2,4 miljoen ymmigranten, meast ôfkomstich út de [[Britsk Steatebûn|Mienebestlannen]].
 
== Skiednis ==
Om-ende-by 500 f.Kr. ferskine de Kelten yn it tsjintwurdige Ingelân. Hja wurde healwei de [[1e iuw]] troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] ferslein dy't fan it eilân in [[Brittanja|Romeinske provinsje]] meitsje. Nei [[400]] arrivearren de Germaanske folken dy't it eastlik part stadichoan oermasteren op de meast Keltyske befolking en ferdreaunen har nei de úthoeken fan it lân as [[Kornwall]], [[Wales]] en [[Skotlân]]. Ek fûn assimilaasje plak tusken efterbliuwers en oermasterders. Yn lettere iuwen hawwe ek noch grutte kloften Germaanske [[Wytsingen]] har yn Ingelân fêstige en om [[1000]] hinne kammen de [[Normandjers]] derby. Al dizze ynvaazjes hawwe ta gefolch hân dat it Ingelske folk in protte ferskillende foarâlden hawwe. Ut resintlik genetysk ûndersyk docht bliken dat de moderne Ingelsman gruttendiels Germaansk is, mar dat de Keltyske ynbring ek behoarlik is.
 
[[Kategory:Ingelsk persoan| ]]