Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Hoe God verdween uit Jorwerd to Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: der is no in Fryske oersetting, útkommen febr. 2017
L [[]]
Rigel 22:
| publikaasje = [[2017]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| útjouwer = [[Het Nieuwe Kanaal]]
| oersetter = [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 978-9 49 24 57 066
}}
'''''Hoe't God Ferdwûn út Jorwert''''', yn it oarspronklike [[Nederlânsk]]: '''''Hoe God Verdween uit Jorwerd''''', is in [[non-fiksje]]boek fan 'e hân fan 'e [[Nederlân]]ske [[skriuwer]] [[Geert Mak]]. It ferhellet oer it [[doarp]] [[Jorwert]], yn 'e [[Fryslân|Fryske]] [[Greidhoeke]], en de feroarings dy't dêr plakfûnen yn it tiidrek tusken [[1945]] en [[1995]]. It soe omskreaun wurde kinne as de [[biografy]] fan it doarp. Mei dit [[boek]] briek Mak troch en rekke er bekend yn hiel Nederlân, en yn [[1999]] wûn er der de [[Henriëtte Roland Holst-priis]] mei. ''Hoe God Verdween uit Jorwerd'' waard foar it earst publisearre yn [[oktober]] [[1996]], troch [[Uitgeverij Atlas]], yn [[Amsterdam]]. De [[Frysk]]e oersetting, makke troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]], ferskynde yn [[2017]] by [[Het Nieuwe Kanaal]], yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
==Ynhâld==
Rigel 44:
 
==Fryske oersetting==
''Hoe God Verdween uit Jorwerd'' waard yn [[febrewaris]] [[2017]] ûnder de titel ''Hoe't God Ferdwûn út Jorwert'' yn it [[Frysk]] útbrocht troch de [[útjouwerij]] [[Het Nieuwe Kanaal]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De fertaling waard makke troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]], dy't him dêrfoar neat oanloek fan 'e [[stavering]]sferoaring fan [[2015]], sa't bliken docht út de [[ûndertitel]]: ''In Nederlânsk Doarp yn 'e Tweintichste Ieu'' ('ieu' moat fan 'e [[Fryske Akademy]] sûnt 2015 [[stavering|stavere]] wurde as 'iuw'). De [[oersetting]] waard publisearre mei [[jild|finansjele stipe]] fan 'e [[Provinsje Fryslân]], it [[Stifting Frysk Akademyfûns|Jacob Krol Fûns yn behear by de Stifting Frysk Akademyfûns]], en de [[Boersma-Adema Stichting]]. Der wie in (ek fertaald) wiidweidich en aktueel [[neiwurd]] troch Geert Mak oan dizze [[útjefte]] tafoege.
 
==Oare oersettings==