Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 45:
 
Op [[28 febrewaris]] [[1681]] skonk [[kening]] [[Karel II fan Ingelân]] in [[oarkunde]] oan 'e [[quaker]] [[William Penn]], wêryn't dy de rjochten krige op in ûnbidich grut gebiet yn [[Noard-Amearika]]. Dizze transaksje wie bedoeld om 'e [[skuld (jild)|skuld]] fan 'e kening oan Penn syn [[heit]], [[admiraal]] [[William Penn (admiraal)|William Penn]], werom te beteljen, dy't [[£]]16.000 bedroech (omrekkene yn [[jild]] fan [[2008]] wie dat £2,1 miljoen). Penn wie fan doel om yn it gebiet in nije koloanje te stiftsjen, dy't in taflechtsoard wurde moast fan 'e oan [[godstsjinstferfolging]]s bleatsteande [[quaker]]s. De kening neamde it gebiet nei him 'Pennsylvania', eat dêr't er Penn tige mei yn [[ferlegenheid]] brocht, mei't dy bang wie dat de lju tinke soene dat er it gebiet nei himsels ferneamd hie. Letter yn [[1681]] [[ûnderhannele]] Penn mei it [[Delawêr]]-[[opperhaad]] [[Tamanend]] (ûnder de Ingelsen fan dy tiid better bekend as Tammany). Dêrby wist er sawol it lân te [[keapjen]] dêr't er ferlet fan hie, as in duorjende [[frede]] te sluten. It wie it begjin fan in lange perioade fan [[freonskip]]like [[relaasje]]s tusken de quakers en de [[Yndianen]]. It [[Ferdrach fan Penn]] wie ien fan 'e seldsume [[ferdraggen]] tusken blanken en Yndianen dat nea troch de blanken brutsen waard.
 
Oarspronklik hearde ta Pennsylvania ek de lettere steat [[Delaware]], in gebiet dat yn dy tiid oantsjut waard as de 'Nedergreefskippen' (''Lower Counties''). Tsjin [[1704]] wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale [[assimblee]] fûn dat it gebiet wol sûnder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande ûntstiene der doe twa [[folksfertsjintwurdiging]]s, hoewol't de erven Penn oant de [[Amerikaanske Revolúsje]] beide gebieten yn [[pacht]] holden en der altyd ien en deselde [[gûverneur]] foar beneamden.
[[File:Appalachian Throughway.jpg|left|thumb|250px|De [[autodyk]] U.S. Route 220 yn it foarlân fan 'e [[Appalachen]].]]
 
Yn 'e [[achttjinde iuw]] rekke Pennsylvania yn in slepend konflikt behelle mei de [[koloanje Konettikut]], ien fan 'e oare Britske koloanjes yn Noard-Amearika. De oarspronklike oarkunde fan Konettikut omfieme nammentlik alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e koloanje lei, oan 'e [[Stille Oseaan]] ta. Doe't Konettikut nei oanlieding dêrfan yn [[1753]] in njoggende [[county (Feriene Steaten)|county]] stifte, [[Westmoreland County (Konettikut)|Westmoreland]], dat tusken de rivieren de [[Susquehanna (rivier)|Susquehanna]] en de [[Delaware (rivier)|Delaware]] yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de [[Pennamityske Oarloggen]] mei Pennsylvania, dat oanspraak makke op itselde gebiet. Dat (net botte bloedige) konflikt duorre fuort oant Konettikut it gebiet yn [[1784]] ôfstie oan Pennsylvania. Yn [[1763]] hie Pennsylvania folle mear te lijen ûnder de [[Oarloch fan Pontiac]], wêrby't [[delsetting]]s en [[boerespultsje]]s oan 'e [[Amerikaanske frontier|foargrins fan 'e kolonisaasje]] oanfallen waarden troch in koälysje fan Yndiaanske stammen ûnder lieding fan it opperhaad [[Pontiac (opperhaad)|Pontiac]].
 
Fan likernôch [[1765]] ôf woeks yn Pennsylvania de [[ûntefredenens]] oan oer it [[Grut-Brittanje|Britske]] [[bestjoer]] fan 'e koloanje. Ien fan 'e lieders fan 'e [[protest]]en wie de [[politikus]] [[John Dickinson (politikus)|John Dickinson]], dy't de [[auteur]] wie fan û.m. de ''Declaration of Rights and Grievances'' ("Ferklearring fan Rjochten en Griven") en fan 'e ''Letters from a Farmer in Pennsylvania, to the Inhabitants of the British Colonies'' ("Brieven fan in Boer út Pennsylvania, oan de Ynwenners fan 'e Britske Koloanjes"). Under de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]], dy't yn [[1774]] útbriek, waard [[Philadelphia]] de yn 't earstoan ynformele [[haadstêd]] fan 'e nije [[Feriene Steaten]]. It wie dêr dat it [[Kontinintaal Kongres]] gearkaam, mei fertsjintwurdigers fan alle [[opstân|opstannige]] koloanjes, en dêr waard ek, yn [[maaie]] [[1775]], de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring]] opsteld en ûndertekene. Letter, doe't de [[Amerikaanske Grûnwet]] skreaun waard, fûn dat op 'e nij plak yn Philadelphia. Nei't de Feriene Steaten yn [[1783]] harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, wie Pennsylvania op [[12 desimber]] [[1787]] de twadde steat dy't de Grûnwet [[ratifikaasje|ratifisearre]], fiif dagen nei [[Delaware]].
[[File:PhiladelphiaPresidentsHouse.jpg|right|thumb|230px|De [[Presidintswente (Philadelphia)|Presidintswente]] yn [[Philadelphia]], dêr't [[George Washington]] en [[John Adams]] residearren yn 'e tiid dat it [[Wite Hûs]] noch boud wurde moast.]]