Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 53:
Fan likernôch [[1765]] ôf woeks yn Pennsylvania de [[ûntefredenens]] oan oer it [[Grut-Brittanje|Britske]] [[bestjoer]] fan 'e koloanje. Ien fan 'e lieders fan 'e [[protest]]en wie de [[politikus]] [[John Dickinson (politikus)|John Dickinson]], dy't de [[auteur]] wie fan û.m. de ''Declaration of Rights and Grievances'' ("Ferklearring fan Rjochten en Griven") en fan 'e ''Letters from a Farmer in Pennsylvania, to the Inhabitants of the British Colonies'' ("Brieven fan in Boer út Pennsylvania, oan de Ynwenners fan 'e Britske Koloanjes"). Under de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]], dy't yn [[1774]] útbriek, waard [[Philadelphia]] de yn 't earstoan ynformele [[haadstêd]] fan 'e nije [[Feriene Steaten]]. It wie dêr dat it [[Kontinintaal Kongres]] gearkaam, mei fertsjintwurdigers fan alle [[opstân|opstannige]] koloanjes, en dêr waard ek, yn [[maaie]] [[1775]], de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring]] opsteld en ûndertekene. Letter, doe't de [[Amerikaanske Grûnwet]] skreaun waard, fûn dat op 'e nij plak yn Philadelphia. Nei't de Feriene Steaten yn [[1783]] harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, wie Pennsylvania op [[12 desimber]] [[1787]] de twadde steat dy't de Grûnwet [[ratifikaasje|ratifisearre]], fiif dagen nei [[Delaware]].
[[File:PhiladelphiaPresidentsHouse.jpg|right|thumb|230px|De [[Presidintswente (Philadelphia)|Presidintswente]] yn [[Philadelphia]], dêr't [[George Washington]] en [[John Adams]] residearren yn 'e tiid dat it [[Wite Hûs]] noch boud wurde moast.]]
 
Yn [[1790]] waard Philadelphia formeel oanwiisd as de federale haadstêd fan 'e Feriene Steaten, wylst fan [[1791]] ôf wurke waard oan 'e oanlis fan 'e nije haadstêd [[Washington, D.C.]] Dy wie lykwols pas yn [[1800]] safierhinne klear dat it nasjonale [[regear]] dêrhinne ferhúzje koe. Philadelphia wie oant [[1799]] ek de haadstêd fan Pennsylvania. Dêrnei hie it regear fan 'e steat syn sit yn [[Lancaster (Pennsylvania)|Lancaster]], oant yn [[1812]] foargoed [[Harrisburg (Pennsylvania)|Harrisburg]] de haadstêd waard. It âlde steatskapitoal, it saneamde [[Hills Capitol]], waard dêr yn [[1821]] yn gebrûk nommen, mar [[brân]]de op [[2 febrewaris]] [[1897]] ûnder in [[sniestoarm]] ôf. It hjoeddeistige [[Steatskapitoal fan Pennsylvania]] kaam yn [[1907]] ree.
 
Yn [[1859]] begûn yn Pennsylvania de earste [[kommersje]]le [[eksploitaasje]] fan [[ierdoalje]] yn 'e wrâld, doe't [[Edwin Drake]] yn [[Titusville (Pennsylvania)|Titusville]] mei súkses in [[ierdoalje]]boarne oanboarde. Dat foarfal late ta de earste grutte oalje-''[[boom (ekonomy)|boom]]'' fan 'e Amerikaanske skiednis. De [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokraat]] [[James Buchanan]], dy't fan [[1857]] oant [[1861]] [[presidint fan 'e Feriene Steaten]] wie, wie de iennichste presidint ea dy't út Pennsylvania ôfkomstich wie. Hy regearre yn in drege tiid, doe't sawol yn it Noarden (dêr't Pennsylvania ta hearde) as yn it [[Amerikaanske Suden|Suden]] de hollen almar hjitter waarden.
[[File:Thure_de_Thulstrup_-_L._Prang_and_Co._-_Battle_of_Gettysburg_-_Restoration_by_Adam_Cuerden.jpg|left|thumb|260px|De [[Slach by Gettysburg]], ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1 july|1]]-[[3 july]] [[1863]]).]]
 
Uteinlik late dat, in pear [[moanne (tiid)|moannen]] nei de ôfrin fan Buchanan syn presidintskip, ta it útbrekken fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]). Under dat konflikt focht Pennsylvania foar de [[Feriene Steaten]] tsjin 'e Súdlike [[Konfederearre Steaten fan Amearika]], dy't har besochten [[sesesje|ôf te skieden]]. Nei skatting tsjinnen der sa'n 350.000 Pennsylvanen yn it [[Noardlike Leger]], ynkl. 8.600 [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] [[frijwilliger]]s. It hichtepunt fan 'e striid foel foar Pennsylvania yn [[1863]], doe't it Konfederearre [[Leger fan Noardlik Firginia]], ûnder [[generaal]] [[Robert E. Lee]], djip yn 'e steat trochkrong, mar yn 'e ferneamde [[Slach by Gettysburg]] weromslein waard troch de Noardliken ûnder generaal [[George G. Meade]]. Hoewol't de [[oarloch]] neitiid noch twa jier oanhold, kin der in goede saak makke wurde om 'e bewearing te ûnderbouwen dat it Suden de striid by Gettysburg foargoed ferlear.