Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 60:
 
Uteinlik late dat, in pear [[moanne (tiid)|moannen]] nei de ôfrin fan Buchanan syn presidintskip, ta it útbrekken fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]). Under dat konflikt focht Pennsylvania foar de [[Feriene Steaten]] tsjin 'e Súdlike [[Konfederearre Steaten fan Amearika]], dy't har besochten [[sesesje|ôf te skieden]]. Nei skatting tsjinnen der sa'n 350.000 Pennsylvanen yn it [[Noardlike Leger]], ynkl. 8.600 [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] [[frijwilliger]]s. It hichtepunt fan 'e striid foel foar Pennsylvania yn [[1863]], doe't it Konfederearre [[Leger fan Noardlik Firginia]], ûnder [[generaal]] [[Robert E. Lee]], djip yn 'e steat trochkrong, mar yn 'e ferneamde [[Slach by Gettysburg]] weromslein waard troch de Noardliken ûnder generaal [[George G. Meade]]. Hoewol't de [[oarloch]] neitiid noch twa jier oanhold, kin der in goede saak makke wurde om 'e bewearing te ûnderbouwen dat it Suden de striid by Gettysburg foargoed ferlear.
 
Yn [[1923]] stifte presidint [[Calvin Coolidge]] yn Pennsylvania, dat 9% fan alle [[bosk]]en fan 'e Feriene Steaten beslacht, it mânske [[Nasjonaal Wâld Allegheny]]. Om dyselde snuorje hinne kaam ûnder de [[Afro-Amerikaanske Folksferhuzing]] in grutte kloft [[negroïde ras|swarten]] út it Suden wei, dêr't se te lijen hiene ûnder [[earmoede]] en [[diskriminaasje]]. Hja setten har û.m. yn [[Philadelphia]] en [[Pittsburgh]] nei wenjen, om as [[fabryk]]sarbeiders yn benammen de [[stiel]]yndustry in better bestean op te bouwen. De stielfabriken rekken lykwols fan 'e [[1970]]-er jierren ôf yn 'e nederklits, en in protte moasten slute. Ek de [[stienkoal|koaleminen]] diene it sûnt dy tiid min, mei as gefolch dat benammen yn westlik Pennsylvania, dat ta de saneamde [[Roastgurdle]] (''Rust Belt'') rekkene wurdt, grutte [[wurkleasheid]] ûntstie.
[[File:HillsCapitol.jpg|right|thumb|230px|It saneamde Hills Capitol, it steatskapitoal fan Pennsylvania fan [[1821]] oant it ôfbaarnde yn [[1897]].]]
 
==Bestjoer==
Pennsylvania bestiet bestjoerlik út 67 [[county (Feriene Steaten)|countys]]. De [[haadstêd|steatshaadstêd]], [[Harrisburg (Pennsylvania)|Harrisburg]], leit yn [[Dauphin County (Pennsylvania)|Dauphin County]], yn it sintrale [[suden]] fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Pennsylvania bestjoerd troch in [[regear|steatsregear]] mei oan it haad de [[gûverneur]]. De [[wetjaande macht]] is yn 'e hannen fan 'e [[Algemiene Assimblee fan Pennsylvania]], dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 50 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 203 sitten. Yn 'e [[Amerikaanske Senaat]] wurdt Pennsylvania, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 [[senator]]s. Yn it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] hat Pennsylvania 18 sitten.
 
It [[polityk|politike lânskip]] fan Pennsylvania wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske [[politike partij]]en, de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] en de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]]. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Sa is mar 0,6% fan 'e registrearre kiezers lid fan 'e [[Libertaryske Partij fan Pennsylvania]], tsjin 49,6% foar de Demokraten en 36,7% foar de Republikeinen.
[[File:Pennsylvania State Capitol.jpg|left|thumb|250px|It hjoeddeistige Steatskapitoal fan Pennsylvania.]]