Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 90:
Blanke Pennsylvanen binne fierhinne fan [[Midden-Jeropa|Midden]]-, [[Noardwest-Jeropa|Noardwest]]- en [[Súd-Jeropa|Súdjeropeeske]] orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen [[Dútsers]] (28,5% fan 'e totale steatsbefolking), [[Ieren (folk)|Ieren]] (18,2%), [[Italjanen]] (12,8%), [[Ingelsen]] (8,5%), [[Poalen (folk)|Poalen]] (7,2%), [[Frânsk-Kanadezen]] (4,2%), [[Nederlanners]] (2,2%), [[Slowaken]] (2,2%), [[Ulstersen]] (2,0%), [[Skotten]] (1,7%), [[Russen]] (1,6%), [[Welsen]] (1,5%), [[Hongaren]] (1,2%) en [[Oekraïners]] (1,0%).
[[File:Philadelphia_skyline_from_south_street_bridge.jpg|right|thumb|280px|De [[skyline]] fan [[Philadelphia]].]]
 
It [[plattelân]] fan súdlik sintraal Pennsylvania, en benammen dat fan [[Lancaster County (Pennsylvania)|Lancaster County]], stiet bekend om 'e [[Amish]]-mienskippen dy't dêr wenje. Dat binne [[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] [[minnisme|minnisten]] fan [[Dútslân|Dútske]] en [[Switserlân|Switserske]] oarsprong, dy't fierhinne fêsthâlde oan [[19e iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[technyk]] en dêrom mei [[hynder-en-wein]] reizgje en nijichheden as de [[trekker (lânboufiertúch)|trekker]], [[elektrisiteit]], [[tillefoan]] en [[tillefyzje]] ôfwize.
 
It meastepart fan 'e [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] yn 'e steat is fan [[Portorikanen|Portorikaansk]] [[komôf]] (2,9% fan 'e steatsbefolking) of fan [[Meksikanen|Meksikaanske]] [[ôfstamming]] (1,0%), wylst der ek in oansjenlike mienskip fan [[Dominikanen (Dominikaanske Republyk)|Dominikanen]] bestiet. De measte Latino's binne konsintrearre yn [[Philadelphia]], de [[Lehigh-delling]] en it súdlik sintrale part fan 'e steat. Pennsylvania omfiemet gjin [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende Yndianestammen]], en likemin binne der yn Pennsylvania [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo]].
[[File:Pittsburgh_Skyline_from_West_End_Overlook_01.jpg|left|thumb|250px|De [[skyline]] fan [[Pittsburgh]].]]
 
===Taal===
Pennsylvania hat gjin [[offisjele taal]] dy't as sadanich by [[wet]] fêstlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet it [[Ingelsk]] dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie dy [[taal]] doe foar 90,2% fan 'e [[befolking]] fan Pennsylvania de [[memmetaal]]. Op it twadde plak kaam it [[Spaansk]], dat foar 4,1% fan 'e befolking de memmetaal wie, en dêrnei folgen it [[Dútsk]] (it [[Pennsylvaansk]] ynbegrepen) mei 0,9%, it [[Sineesk]] mei 0,5%, it [[Italjaansk]] mei 0,4% en it [[Frânsk]] mei 0,3%.
 
It [[Pennsylvaansk]] is ien fan 'e [[Heechdútske talen]], dy't fierhinne ûntstien is op basis fan [[dialekt]]en út it [[Rynlân]], en dy't it naust besibbe is oan it hjoeddeiske [[Paltsysk]]. Yn it Ingelsk wurdt nei dizze taal almeast ferwiisd as ''Pennsylvania Dutch'', wat in [[ferbastering]] is fan ''Pennsylvania Deitsch'', oftewol 'Pennsylvaniadútsk'. Dit is de memmetaal fan 'e measte [[tradysjonele]] [[Amish]] en teffens fan 'e [[Old Order Mennonites]], in oare behâldende [[minnisme|minnistyske]] groep, dy't lykwols wól op 'e moderne wize libbet. Under minder behâldende minnistegroepen is de taal frijwol [[útstoarne taal|útstoarn]].