Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 100:
 
It [[Pennsylvaansk]] is ien fan 'e [[Heechdútske talen]], dy't fierhinne ûntstien is op basis fan [[dialekt]]en út it [[Rynlân]], en dy't it naust besibbe is oan it hjoeddeiske [[Paltsysk]]. Yn it Ingelsk wurdt nei dizze taal almeast ferwiisd as ''Pennsylvania Dutch'', wat in [[ferbastering]] is fan ''Pennsylvania Deitsch'', oftewol 'Pennsylvaniadútsk'. Dit is de memmetaal fan 'e measte [[tradysjonele]] [[Amish]] en teffens fan 'e [[Old Order Mennonites]], in oare behâldende [[minnisme|minnistyske]] groep, dy't lykwols wól op 'e moderne wize libbet. Under minder behâldende minnistegroepen is de taal frijwol [[útstoarne taal|útstoarn]].
 
===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie yn [[2011]] 82% fan 'e [[befolking]] fan Pennsylvania út [[kristendom|kristenen]], wêrûnder 52% [[protestantisme|protestanten]], 29% [[roomsk-katolisisme|roomsen]] en 1% [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdoksen]]. De grutste protestantske denominaasjes wiene de [[Feriene Metodistyske Tsjerke]] mei 592.000 leden, de [[Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika]] mei 502.000 leden, de [[Presbyteriaanske Tsjerke (FSA)]] mei 250.000 leden en de [[Feriene Tsjerke fan Kristus]] mei 180.000 leden.
[[File:Penn campus 2.jpg|right|thumb|260px|It haadgebou fan 'e [[Universiteit fan Pennsylvania]], yn [[Philadelphia]].]]
 
Fierders is der yn Pennsylvania in grutte [[minnisme|minnistyske]] mienskip, dêr't û.m. de [[Amish]] ta hearre. Hoewol't de steat oarspronklik as koloanje stifte waard om in feilich hinnekommen te bieden foar de oan [[godstsjinstferfolging]] bleatsteande [[quakers]], foarmje dyselden hjoed oan 'e dei mar in tige lytse minderheid yn Pennsylvania. [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen yn [[2011]] 13% fan 'e befolking. Fierders bestie 2% fan 'e ynwenners fan Pennsylvania út [[joadendom|joaden]], wylst 1% in oare godstsjinst as it kristendom of it joadendom oanhong.
 
==Klimaat==
Pennsylvania hat foar it meastepart in fochtich [[lânklimaat]], mei neare [[simmer]]s en kâlde [[winter]]s. De uterste súdeasthoeke, dêr't de [[stêd]] [[Philadelphia]] leit, hat lykwols in fochtich [[subtropysk klimaat]]. Troch it hichteferskil tusken de ûnderskate dielen fan 'e steat binne ek de ferskillen oangeande trochsneed [[temperatuer]]en oansjenlik. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C, op [[9 july|9]] en [[10 july]] [[1936]] yn [[Phoenixville (Pennsylvania)|Phoenixville]], en –41 °C op [[5 jannewaris]] [[1904]] te [[Smethport (Pennsylvania)|Smethport]]. [[Delslach (waar)|Delslach]]hoemannichten rinne útinoar, en de measte [[snie]], oant mear as 250 sm, falt [[winter]]deis yn 'e neite fan 'e [[Earymar]], yn it noardwesten fan 'e steat. Pennsylvania hat elts jier ek te krijen mei [[tornado|tornado's]], soms grutte oantallen, mar dy binne oer it algemien lang net sa krêftich as se har yn westliker dielen fan 'e Feriene Steaten foardogge.
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.pa.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Pennsylvania]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Pennsylvania ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Pennsylvania}}
}}
 
{{Feriene Steaten}}
 
[[Kategory:Pennsylvania| ]]
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Histoaryske Britske koloanje]]