Teije Brattinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]] + ynfoboks
teije brattinga
Rigel 26:
Hy waard berne te [[Blauhús]], in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk]] buorskip yn de [[Protestantisme|protestantske]] omkriten dat by [[Westhim]] hearde en earst yn 1950 offysjeel in doarp waard. It hat syn libben tekene, benammmen trochdat er nei de legere skoalle him ynskriuwe liet oan it gymnasium foar jonges dy't pryster wurde woene yn de roomske tsjerke. Dat wie yn 1942, ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]]. It gebou fan it seminaarje yn [[Apeldoorn]] wie troch de dútskers nadere. It ûnderwiis waard tydlik jown yn Ootmarsum. Nei de oarloch koe hy nei Apeldoorn. Dat fan it pryster-wurden is him net wurden. Wol joech de skoalle in goed literêr ûnderwiis en krige hy nocht oan de fryske taal.
 
Werom yn Fryslân yn 1949 naam er it ynstitút foar it lesjaan yn masineskriuwen (type) en stenografy te Boalsert oer fan Theo Andela. Hy waard warber yn it fermidden fan de fryske beweging, publisearre dichtwurk en proaza yn it moanneblêd [[De Tsjerne]], sleat him oan by in groep jonge fryske skriuwers dy't har De Mieren neamden en die journalistyk wurk by it deiblêd ''Ons Noorden''. Hy troude yn 1955 mei Johanna Monica Altenburg. Yn 1956 naam er mei syn broer Hink de boekwinkel en printerij 'It Wite BoekhûsBoekhús' yn [[Boalsert (stêd)|Boalsert oer.]] Fan de Blauhúster dichter Gerben Rypma sammle hy de gedichten en fersoarge yn 1965 in karlêzing fan it wurk fan Rypma ûnder de titel ''"Ik haw myn dreamen hawn en fragen".'' Hy waard bestjoerslid fan it [[Roomsk Frysk Boun]] en hold op 15 augustus 1964 de rede op de tradysjonele Roomske Friezendei mei de titel "Sicht op hjoeddeisk katolisisme". Dêr hat er syn fisy dellein dêr't er altyd trou oan bleaun is.
 
Naam yn 1969 mei oaren it inisjatyf ta de oprjochting fan de [[Koperative Utjouwerij]] en wie dêr jierrenlang mei [[Trinus Riemersma]], [[Josse de Haan]] en [[Piter Boersma]] bestjoerslid fan (1992-2000). Hy gyng yn 1966 nei Wychen te wenjen om theology te studearjen oan de Universiteit fan Nijmegen. Hy studearre yn 1972 cum laude ôf op in skripsje oer de dútske theologe [[Dorothee Sölle]]. Fan 1972 oant 1984 joech er les oan it Dominicuscollege yn Nijmegen. Promovearre yn de teology op in proefskrift oer de Dútsk-Amerikaanske theolooch [[Paul Tillich]] yn 1980. Fan 1984 oant 1994 hie hy in funksje yn de oekumenyske beweging tusken de tsjerken as amtlik sekretaris fan de Sint Willibrord Vereniging. Publisearre in stikmennich artikels yn Tjdschrift voor Theology, yn hokker tydskrift hy jierrenlang de resinsjes fersoarge fan boekútjeften oer de relaasje fan theology en de natûrwittenskippen. Hy naam yn 1990 it iniatyf ta it oprjuchtsjen fan it Paul Tillich Genootschap, in stúdzjesintrum foar de theology fan Paul Tillich en wurke mei oan de ynternasjonale twajierringe symposia oer Paul Tillich yn Frankfurt\aM. Yn 1994 naam er ôfskie fan de Willibrord Vereniging mei in rede, titele "Kan het een toon lager? Over oecumene, kerk en samenleving".