Arjen Roelofs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Johan Henri van Swinden -> Jean Henri van Swinden
Rigel 10:
 
==De freonerûnte==
[[Eise Eisinga]] wie geregeld yn Hijum te finen en dy soarge derfoar dat de Frjentsjerter professor [[JohanJean Henri van Swinden]] ek in fêste besiker waard. Ek krige Arjen learlingen. Syn neef [[Roel Hessels Hommema]] en dy syn freon [[Rinse Bearts Gelder]] hawwe har oplieding yn Hijum krige. Fierders wurke Arjen in protte gear mei de ynstrumintmakker en boer [[Sieds Jehannes Rienks]] út [[Hallum]]. Der wurdt wol tocht dat Arjen foar Rienks de measte berekkenings útfierd hat, ûnder oaren ek foar de teleskopen foar Leien en Utert, dêr't Rienks yn 1818 opdracht foar krige.
 
Arjen rekkenne yn it foar út hoenear at der [[sinnefertsjustering]] wienen. By de sinnefertsjustering fan [[7 septimber]] [[1820]] hie Arjen dan ek gâns in selskip by him op it hiem. Syn bruorren wienen jierren lyn al ferstoarn, mar yn stee stie er dêr mei de gûverneur fan Fryslân, jonker [[I.A Aebinga fan. Humalda]], professors út Frjentsjer en mei Arjen syn eigen meiwurkers. Ek Eise Eisinga wie der op ôfkommen.