Teije Brattinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
teije brattinga
L →‎Libbensrin: jown---->jûn
Rigel 24:
 
== Libbensrin ==
Hy waard berne te [[Blauhús]], in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk]] buorskip yn de [[Protestantisme|protestantske]] omkriten dat by [[Westhim]] hearde en earst yn 1950 offysjeel in doarp waard. It hat syn libben tekene, benammmen trochdat er nei de legere skoalle him ynskriuwe liet oan it gymnasium foar jonges dy't pryster wurde woene yn de roomske tsjerke. Dat wie yn 1942, ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]]. It gebou fan it seminaarje yn [[Apeldoorn]] wie troch de dútskers nadere. It ûnderwiis waard tydlik jown yn Ootmarsum jûn. Nei de oarloch koe hy nei Apeldoorn. Dat fan it pryster-wurden is him net wurden. Wol joech de skoalle in goed literêr ûnderwiis en krige hy nocht oan de fryske taal.
 
Werom yn Fryslân yn 1949 naam er it ynstitút foar it lesjaan yn masineskriuwen (type) en stenografy te Boalsert oer fan Theo Andela. Hy waard warber yn it fermidden fan de fryske beweging, publisearre dichtwurk en proaza yn it moanneblêd [[De Tsjerne]], sleat him oan by in groep jonge fryske skriuwers dy't har De Mieren neamden en die journalistyk wurk by it deiblêd ''Ons Noorden''. Hy troude yn 1955 mei Johanna Monica Altenburg. Yn 1956 naam er mei syn broer Hink de boekwinkel en printerij 'It Wite Boekhús' yn [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] oer. Fan de Blauhúster skilder en dichter [[Gerben Rypma]] sammle er de gedichten en fersoarge yn 1965 in karlêzing fan it wurk fan Rypma ûnder de titel ''"Ik haw myn dreamen hawn en fragen".'' Hy waard bestjoerslid fan it [[Roomsk Frysk Boun]] en hold op 15 augustus 1964 de rede op de tradysjonele Roomske Friezendei mei de titel "Sicht op hjoeddeisk katolisisme". Dêr hat er syn fisy dellein dêr't er altyd trou oan bleaun is.