Sofokles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
Rigel 27:
Hy waard berne yn [[496 f.Kr.]] yn [[Colonus Hippius|Kolonos]] (in foarstêd fan [[Atene]]), as soan fan in rike [[wapensmid]]. De jonge Sofokles krige in fersoarge opfieding, op sportyf mêd, mar ek op artistyk flak. Yn [[480 f.Kr.|480]] krige er, as jonge fan 16, de lieding fan en trede op as stjerútfierder by in oerwinningsfeest nei de [[Slach by Salamis]], neffens de leginde ûnder it goedkarrend each fan [[Aiskylos]], dy't ien fan de huldigden wie, wylst op datseldichste stuit in eintsje fierder op it eilân [[Salamis (eilân)|Salamis]] [[Euripides]] berne waard. Sofokles droech blykber syn literêr talint oer op syn neiteam. Syn soan [[Iofon]] wie ek treurspuldichter, krekt as in oerwûne pakesizzer, Sofokles “de Jongere”, foar wa't er iepentlik in swak hie.
 
Yn [[468 f.Kr.]] die Sofokles foar it earst mei oan it [[Feest fan DionysiusDionysus]], de prestizjeuze [[toaniel]]skriuwwedstryd fan 'e [[stêdsteat]] [[Atene (stêdsteat)|Atene]], en dat wie it begjin fan in tradysje dy't 60 jier duorje soe. Yn dy lange karriêre soed er 24 kear de hhadpriis winne (yn [[458 f.Kr.]] gie de haadpriis foar de lêste kear nei Aiskylos, en yn [[455 f.Kr.]] waard Euripides foar de earste kear bekroane). Neffens de ''[[Suda]]'', in tsiende-iuwske [[ensyklopedy]], skreau Sofokles yn syn libben yn totaal 123 toanielstikken, mar dêrfan binne mar sân yn folsleinens oant yn 'e moderne tiid bewarre bleaun.
 
Sofokles beweegde him yn Atene yn 'e heechste fermiddens. Mei ûnder mear [[Herodotos]] (skriuwer-histoarikus), [[Anaksagoras]] (filosoof), [[Hippodamus fan Milete|Hippodamos]] (arsjitekt) en [[Fidias]] (byldhouwer) makke er diel út fan 'e artistike en yntellektuële hegerein om [[Perikles]] hinne. Hy beklaaide in stikmannich hege politike en militêre funksjes. Sa wied er yn [[443 f.Kr.|443]]/[[442 f.Kr.]] ''hellenotamias'' (ien fan 'e tsien behearders fan 'e [[Delyske Bûn|Delysk-Attyske Bûnskas]]). Yn [[441 f.Kr.]] krige er mei Perikles it oerbefel yn in militêre [[Samyske oarloch|kampanje tsjin Samos]] (in "beleanning" foar syn ''[[Antigone (Sofokles)|Antigone]]'', bewearden syn rivalen). Fierdersoan ferfolle er yn 'e perioade [[425 f.Kr.|425]]-[[420 f.Kr.]] guon religieuze funksjes: as preester fan [[Asklepius|Asklepios]] stelde er û.o. syn wente ta beskikking fan 'e earetsjinst, yn ôfwachting fan 'e foltôging fan it nije hillichdoam foar Asklepios. Hy komponearre ek in kultus-liet ta eare fan Asklepios. En yn [[413 f.Kr.]], mei de bestjoerlike krisis dy't ûntstien wie nei de Ateenske [[Sisyljaanske Ekspedysje|nederlaach yn Sisylje]] waard er oansteld as ''próboulos'' mei bysûndere regearingsfolmachten.