Oerûguay: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 24:
 
== Skiednis ==
De earste bewenners fan Oerûguay wienen [[Yndianen]] dy't ta de Charrua stam hearden, sy libben fan de [[Jacht]] en de [[Fiskerij|fiskfangst]]. Noch hieltyd binne ôfstammelingen fan harren te finen yn it oanswettende gebiet mei Brazylje. Nei de ûntdekking fan Amearika troch [[Kolumbus]] en de dêrop folgjende [[Spanje|Spaanske]] kolonisaasje fan begjin 16e iuw ôf wie Oerûguay in part fan it Spaanse ûnderkeninkryk Rio de la Plata. Krekt as yn it hiele Spaanske Amearika ûntstie yn it destiids Oerûguay fan [[1810]] ôf rebûljes doe't it memmelân troch de Frânsken beset holden waard. Fan [[1816]] oant [[1828]] makke it gebiet diel út fan de [[Feriene Provinsjes fan de Río de la Plata]]. Op [[25 augustus]] [[1825]] waard de ûnôfhinklikens útroppen, mar pas sûnt [[1828]] wie Oerûguay hielendal frij.
 
De neifolgjende jierren wienen typearjend foar [[Latynsk-Amearika]]. It lân hie hieltyd te krijen mei rigen boargeroarloggen tusken de konservativen en de [[Liberalisme|liberalen]], dy't de ''"Colorados"'' en de ''"Blancos"'' neamd waarden. Yn [[1870]] makke it leger in ein oan dizze krigen. Fan doe ôf waakse stadichoan de demokrasy yn it lân dy't der foar soarge hat dat de kloof tusken arm en ryk lytser wurden is.